Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Om Nijtsjerk en Nes hinne

Noed en nocht foech hûndert jier lyn

Wa't net hikke en tein is yn de Dongeradielen op 'e skiere klaai, dêr't de beammen krap binne en amper oars foarkomme as yn mantels om de foarse pleatsen; dêr't hjerstmis de driigjende wolkemassa's al tsjusterder oandriuwen komme; dêr't winters de skiere rein spielt of sniebuien oer de fjilden jeie; dêr't maitiids it gers fan de foarekers opgrienet en de sinne oer kluten en wetterplakken skrille strielen sjit, mank it kriten fan de seefûgels; dêr't yn de kommende simmer de koarte gloarje fan bloeiende greiden mei grien en goud en read prielet en de koalsiedfjilden skitterje; dêr't noch wat letter nôt en oare fruchten de grize ûndergrûn feestlik beklaaie; dêr't altyd oan de kym de donkere bân fan de seedyk leit: dy't hjir net fan syn bernetiid ôf libbe hat, hy sil dêr net maklik wenne.

Mar hy, waans laach, staach nei staach, yn dy kontrijen tahold, dy't dêrmei fergroeid is ynderlik en uterlik; dy't alle wegen en paden dêr begien hat en de bewenners fan alle pleatsen wit - dy komt der nea fan los.

En sa'n ien wie Jaep Hartmans, Jaep Melis' lyk men to Nijtsjerk gauris sei, de skriuwer fan dit boek.

Hartmans, J., Om Nijtsjerk en Nes hinne. Noed en nocht foech hûndert jier lyn.
Utjouwerij Fryslân Grou/Fryske Akademy Ljouwert 1974. 
Noardeasthoeke-rige nûmer 4. Akademy-nûmer 453. ISBN: 90 70098 16 4. 
111 siden. Priis € 9,00 / foar leden en stipers € 8,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“Fier haw ik myn dreamen weide en de himel iepen sjoen”

“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)