Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Opkomst en ûndergong fan in boerebedriuw ûnder Achlum

De famylje Hibma, 1697 - 1824

It skriuwboek fan 'e famylje Hibma is in unyk dokumint. De boarne beskriuwt mear as hûndert jier skiednis fan in lânboubedriuw yn de buorskip Sopsum ûnder Achlum. It bedriuw bleau al dy jierren yn hannen fan deselde famylje. Meastentiids rint in boereboekhâlding net oer langer as ien generaasje.

Yn 'e perioade 1697-1824 hawwe trije generaasjes Hibma it bedriuw mei wikseljend sukses laat. It skriuwboek lit ús de ûntjouwing fan it buorkjen op 'e pleats yn dy perioade sjen. Sa kin neigien wurde wannear't en op hokker wize feroarings yn 'e bedriuwsfiering ta stân kamen. Boppedat jout it skriuwboek nijsgjirrige ynformaasje oer de finânsjes, it wurk op it bedriuw en oer de famylje Hibma.

De besoarger fan 'e útjefte, Peter van der Meer, lit yn de ynlieding sjen hokker mooglikheden foar fierder ûndersyk oft dizze nijsgjirrige boarne te bieden hat.

Meer, P.L.G. van der, Opkomst en ûndergong fan in boerebedriuw ûnder Achlum. 
De famylje Hibma, 1697-1824.
  Fryske Akademy Ljouwert 2001. 
Boarnerige nûmer 7. Akademy-nûmer 921. ISBN 90 6171 921 6. Mei register.  
206 siden.  Priis € 18,50 / foar leden en stipers € 17.00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“The whole of science is nothing more than a refinement of everyday thinking.”

“Alle wittenskip is net mear as in ferfining fan it tinken fan al-den-dei.”
Albert Einstein (1879-1955)