

De onnavolgbare gedaantewisselingen van een (zielen)dokter in de Reformatietijd
Yn 'e tsjerke fan Aldeboarn is in moai tegeltablo mitsele mei ferskate Fryske famyljewapens. De tekst dêrûnder meldt dat se opgedroegen binne oan 'e santjinde-ieuske dûmny Pibo Ovittius Abbema. Troch de ieuwen hinne hawwe histoarisy en keunstkenners ret nei de betsjutting en komôf fan dat tinkteken yn majolika.
Ovittius' Metamorphosen fertelt it nijsgjirrige libbensferhaal fan Pibo Ovittius Abbema, in Fries dy't libbe yn 'e sechtjinde ieu en dy syn wederwarichheden net misstean soene yn in skelmeroman. Dizze apteker, ferballe út Fryslân fanwege bigamy, begûn oan in swerftocht sûnder ein, dêr't er earst as medikus, dêrnei as pastoar en úteinlik as dûmny syn brea fertsjinne.
Hyltiten wist er foar koarte tiid it betrouwen fan heechpleatste persoanen yn 'e tsjerke en 'e polityk te winnen, mar krekt sa faak waard er troch geroften oer syn ferline wer twongen om te flechtsjen. Oangeande syn leafdeslibben waard dúdlik dat "er oan ien frou blykber net genôch hie", wylst er yn tsjerklik opsicht mei like grut gemak twa hearen tsjinje koe. As medikus hie er de twifelriedige reputaasje fan tsjoender en wearwolf. Koartsein, hy wie in man mei in soad gesichten; immen dy't syn tiidgenoaten yn 'e betizing brocht mei syn hyltiten feroarjende stalferwisselings.
Dy metamorfoazen lieten jin tinke oan de Romeinske dichter Ovidius, oan wa't er úeinlik ek de namme Ovittius ûntliende.
Mei de rekonstruksje fan it libbensferhaal fan Pibo, dêr't 25 jier sekuer argyfûndersyk yn binnen- en bûtenlân oan foarôf gie, is ek it mystearje fan in moai tegeltablo yn 'e tsjerke fan Aldeboarn oplost dat nei him ferwiist.
Dr. Paul H.A.M. Abels (1956) is histoarikus en promovearre op de Reformaasje yn Delft en Delfland. Hy hat in soad histoaryske publikaasjes op syn namme stean en wurke ûnder mear mei oan 'e Geschiedenis van Holland en de Stadsgeschiedenis van Gouda. Hy fersoarge ek ferskate boarnepublikaasjes. Abels is mei-oprjochter en foarsitter fan deVereniging voor Nederlandse Kerkgeschiedenis en wurket by it Ministearje fan Ynlânske Saken.
Abels, dr. P.H.A.M., Ovittius’ Metamorphosen. De onnavolgbare gedaantewisselingen van een (zielen)dokter in de Reformatietijd. Eburon Delft en de Fryske Akademy Ljouwert.
Fryske Histoaryske rige XVIII. Akademy-nûmer 957. ISBN: 90 5166 992 5.
235 siden, naaid. Priis € 25,00 / foar leden en stipers € 22,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“De spannendste opmerking yn 'e wittenskip, by de measte ûntdekkingen, is net 'Eureka!', mar 'Dat is apart ...'. “ Isaac Asimov (1920-1992)