
útferkocht
'Oratio de mundo optimo' en 'Prolegomena in philosophiam'
Dit boek befettet trije teksten fan Petrus Camper, heechlearaar oan de Universiteit fan Frjentsjer yn de 18de ieu.
It giet om twa Latynske teksten en ien Nederlânske. By de beide Latynske teksten is in Nederlânske oersetting opnommen.
Yn in mânske ynlieding jout Van Sluis in ferantwurding fan de útjefte.
Fierder wurdt der eat yn sein oer it libben fan Camper en oer syn teologyske opfettings. Camper wie in oanhinger fan de fysiko-teology, in teodisee fan de wrâld op grűn fan natuerwittenskiplike stúdzje.
Mei de treflike oersetting fan de teksten fan Camper en it ynliedende oersjoch fan Van Sluis kin no elkenien dy't dat wol him op 'e hichte stelle fan in wichtich part fan it filosofysk/teologyske tinken fan de 18de ieu.
Sluis, J. van, Petrus Camper 'Oratio de mundo optimo' en 'Prolegomena in philosophiam'.
Boarnerige nűmer 1. Fryske Akademy, Ljouwert 1988. Akademy-nűmer 684. 123 siden.
ISBN: 90 6171 684 5. Priis € 11,50 / foar leden en stipers € 10,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Skiednis is de tsjűge fan it ferstriken fan 'e tiid; it smyt ljocht op 'e wurklikheid, hâldt it űnthâld libben, jout help yn it deistich libben en bringt ús tynge fan it ferline.” Cicero (106-43)