
Fysica en astronomie volgens Wytze Foppes Dongjuma (1707-1778)
Zuidervaart begjint syn boek mei in koarte biografyske skets fan de timmerman út Doanjum, dy't him yn 'e rin fan syn libben hyltyd mear profilearre as in rekkenmaster, ynstrumintmakker, natuerfilosoof en astronoom. De skriuwer jout wiidweidich omtinken oan Foppes syn oanpart by de foarseine konjunksje fan de planeten yn 1774, dy't by de ynwenners fan Fryslân in kollektive eangst foar de ûndergong fan 'e wrâld teweibrocht.
Yn it lêste part fan de stúdzje jout de skriuwer omtinken oan de ynfloed en de betsjutting fan Wytze Foppes as autodidakt. Yn in stikmannich taheakken binne de bewarre ynstruminten fan Foppes beskreaun, in list fan yn argyfstikken neamde ynstruminten en in list fan meiwurkers en learlingen fan Foppes.
Zuidervaart, H.J. Speculatie, Wetenschap en Vernuft. Fysica en astronomie volgens Wytze Foppes Dongjuma (1707-1778). Fryske Akademy, Ljouwert 1995.
Akademy-nûmer 814. ISBN 90 6171 814 7. Fryske Histoaryske Rige nûmer 12.
206 siden. Priis € 13,50 / foar leden en stipers € 12,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Our ancestral language despised, orphaned, neglected had almost been deposed, a relic of ancient history.” Gysbert Japicx (1603-1666)