Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Tien Friezen over armoede en zedenbederf

De bronnen van J.H. Beucker Andreae

Ien fan ’e belangrykste en meast brûkte boarnen foar de njoggentjinde-euske sosiale skiednis van Fryslân is J.H. Beucker Andreae’s Rapport betreffende een onderzoek naar den zedelijken en materiëlen toestand der arbeidende bevolking ten platten lande en van de middelen om dien zooveel mogelijk te verbeteren.

It is in seldsume boarne, want yn de tiid foar de opkomst fan it soasialisme, sa om 1870 hinne, skreaunen arbeiders sels net. Har libbens waarden inkeldris beskreaun troch de hegerein. De Ljouwerter Johan Henricus Beucker Andreae (1811-1865) wie dêr ien dêrfan. Us byld fan it Fryske plattelân om 1850 is sadwaande troch synRapport fierhinne bepaald.

Yn it famyljeargyf fan de Beucker Andreaes wurde in stik of wat bysûndere dokuminten oangeande dit Rapport bewarre, nammentlik de dielrapporten dêr’t in njoggental liberale freonen en geastbesibben – de measten fan har boargemasters en gemeentesiktarissen – har ûnderfiningen yn op skrift stelden. Beucker Andreae plakte yn synRapport har oant no ta net bekende stikken oan inoar.

Yn dit boekje steane dizze orizjinele rapporten, dêr’t krekt en sekuer ynformaasje yn jûn wurdt oer de seedlike en mateariële ellinde dan de lânarbeider ûnder oaren yn Ferwert, Dronryp, De Lemmer, Ternaard, Grou en Drachten, ôfprinte. Yn de ynliedng wurde de fragen behannele dy’t de stikken oproppe. Wiene de arbeiders der wier sa beroerd oan ta? Wiene hja echt sa yn ’e grûn bedoarn as de hearen ha woene? Of ha wy hjir te krijen mei in net iens sa hiel subtyl staaltsje fan liberale partijpropaganda?

Jensma, G. (ed.), Tien Friezen over armoede en zedenbederf. De bronnen van J.H. Beucker Andreae's Rapport betreffende een onderzoek naar den zedelijken en materiëlen toestand der arbeidende bevolking ten platten lande en van de middelen om dien zooveel mogelijk te verbeteren. 
Fryske Akademy, Ljouwert 1998. Akademy-nûmer 855. Rige Stúdzje- en Boarnemateriaal nûmer 18.  ISBN 90 6171 855 4. 84 siden. Paperback.  Priis € 7,00 / foar leden en stipers € 5,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

"As it net sile wol, moat men lavearje"

Als men niet kan zeilen moet men laveren