Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Tussen Gideonsbende en publieke kerk

Een studie over het gereformeerd protestantisme in Friesland, 1580-1650

In notaris yn Makkum ferlike yn de santjinde ieu de grifformeaerde predikanten mei fûgelfangers: earst fluitsje se freonlik, mar as se de fûgels ûnder it net hawwe, draaie se dyselde fûgels de nekke om. Wannear't de notaris dat earder witten hie, wied er gjin lidmaat fan de grifformearde tsjerke wurden. Wêrom slute manlju, mar benammen froulju harren oan by de publike tsjerke yn Fryslân? Wêrom wiene der ek in soad dy't bewust gjin lidmaat wurde woene fan de nije tsjerke? Dy fragen foarmje it útgongspunt fan Bergsma syn ûndersyk.

De ôfrûne desennia binne tal fan stúdjes ferskynd oer de reformaasje yn in stêd. Yn Tussen Gideonsbende en publieke kerk wurde de gefolgen fan de reformaasje foar de hiele provinsje Fryslân beskreaun. Bergsma hat in rekonstruksje makke fan sirka 350 tsjerklike gemeenten yn Fryslân.

Hy lit sjen hoefolle pastoars der wiene, wannear't de earste meniste en de earste grifformearde gemeenten ûntstiene, hoe ôfbraak fan de katolike tsjerke om en ta gong yn de doarpen en stêden, wannear de earste predikant kaam, hoefolle lidmaten de tsjerke op dat plak telde en hoe't minsken fan ferskate konfesjes mei-inoar libben. Op dy wize besiket Bergsma in bewyske op te heinen fan it leauwe fan leauwigen yn Fryslân tusken 1580 en 1650.

Bergsma, W. Tussen Gideonsbende en publieke kerk. Een studie over het gereformeerd protestantisme in Friesland, 1580-1650. Verloren Hilversum en Fryske Akademy Ljouwert 1999. Akademy-nûmer 878. Fryske Histoaryske Rige nûmer 17.  ISBN 90 6550 044 8. 
652 siden. Priis € 63,00 / foar leden en stipers € 55,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“Ús âldfaars taal ferhúnd, ferstaat, ferproppe wie nêsteby yn it reach betiisd, yn it jierfek stoppe”

“Our ancestral language despised, orphaned, neglected had almost been deposed, a relic of ancient history.” Gysbert Japicx (1603-1666)