

De kar út it wurk fan Jaarsma foar dizze bondel is beheind ta syn folkskundige en literêr-histoaryske publikaasjes, benammen yn ferbân mei de noardlike Wâlden, en binnen dat ramt neier bepaald troch de foarkar fan ûnderskreaune "besoargers", dy't der lykwols op út wienen om fan alle soarten wát op te nimmen.
Sa komt men ta de folgjende skiften: folksferhalen (rom opfette en ûnderferdield yn: humoristyske teltsjes, legindaryske persoanen, sêgen, wûndermearkes), folksliet en folksrym, folksgenêskunde, ferhalen fan eigen folk en gea, literatuerskiednis en ta beslút in griemmank - as "faria " sa neamd wurde mei.
It stiet der net altiten by, mar, as der gjin boarne neamd is of der gjin sprake is fan stúdzjewurk, dan is ien en oar troch Dam Jaarsma "út de folksmûle optekene" - al hat hy der wol gauris in tige eigen foarm oan jûn: sjoch byg. de ferskes oer Jan Hepkes syn fiten. Wol is ûnder elk stik oanjûn wêr't it earder publisearre west hat en dan is it, mids net - opnommen wurk, ek nochris te finen yn de bibliografy fan de hân fan Bauke van der Veen. Der is oan de stikken fan Jaarsma neat feroare - útsein it weilitten fan ris in minder slagge "tuskenkopke" en in inkelde dûbluere of it omwikseljen fan in ôfbylding.
Dit boek wie yn earste opset bedoeld foar de rige "Minsken en boeken", mar it past by neier ynsjen wól sa aardich yn de "Wâldrige" fan it streekûndersyk.
In hjir folgjende karakteristyk fan persoan en wurk wiist nammers út, dat Jaarsma ien fan de meast kleurechte Wâldsjers is en teffens, dat hy hast al syn materiaal oan streekgenoaten ûntlient. Sadwaande.
Jaarsma, A.A., Ut it gea fan Sterke Hearke. In kar út it fersprate wurk fan Dam Jaarsma. Besoarge troch Ph.H. Breuker, J. van der Kooi en J.J. Spahr van der Hoek. Fryske Akademy, Ljouwert 1987. Wâldrige nûmer 26. Akademy-nûmer 666. 397 siden. Priis €18,00 / foar leden en stipers € 16,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Nearne is fêstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)