Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Verslag van mijn internering

Bergum, Wolvega, Leeuwarden, Ameland, Farmsum 15 april 1945 - 17 januari 1947

De nei-oarlochske ynternearring fan mear as 100.000 minsken dy't 'ferkeard' wiene, hat oant no ta net in soad omtinken krigen.

Fan de gong fan deistige saken efter it stikeltried fan 'e Bewar- en Ferbliuwskampen, dêr't sy yn opsletten waarden, witte wy eins mar in bytsje.

Dit boek omfettet it persoanlik ferhaal fan F.J. Harterink oer syn ynternearringstiid. It boek beslacht de perioade fan april 1945 oant jannewaris 1947 en is basearre op de oantekenings, dy't er doetiids klandestyn makke en it kamp útsmokkele.

Doe't Fryslân yn april 1945 befrijd waard, begûn foar Harterink it lijen. Hy wie lid fan 'e NSB oant de ein fan 'e oarloch en by de besetting sekretaris fan 'e NSB-boargemaster fan Ljouwert. Harterink beskriuwt syn ferbliuw yn sa'n fiif kampen en jout syn fyzje op de nei-oarlochske rjochtspleging.

De skriuwer observearret syn kampgenoaten, sawol finzenen as bewakers, en ûndersiket wat harren driuwt. Hy jout in groepsportret fan de kampmienskip. Tagelyk sjogge wy de frije mienskip wjerspegele yn de eagen fan politike finzenen. It ferhaal fan Harterink makket ús dúdlik wat de ynternearring foar him en syn húshâlding betsjutte.

Harterink, F.J., Verslag van mijn internering. Bergum, Wolvega, Leeuwarden, Ameland, Farmsum 15 april 1945 - 17 januari 1947. Fryske Akademy, Ljouwert 1997. Boarnerige nûmer 5. 
Akademy-nûmer 838. ISBN 90 6171 838 4. 246 siden. Priis € 18,00 / foar leden en stipers € 16,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“Fier haw ik myn dreamen weide en de himel iepen sjoen”

“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)