
Yn dit boek beskriuwt Broos de skiednis fan it yn 1541 troch Sjoerd en Kinsck van Andla yn Westernijtsjerk (Ferwerderadiel) stichte weeshūs. Allerearst jout hy de eigendomsskiednis fan it būten Tjallinga te Westernijtsjerk. It weeshūs wie ynrjochte yn de op dat būten steande pleats. Ynstee fan hier te beteljen, waard de hierboer ferplichte ta it yn e hūs nimmen fan in tal wezen.
It tafersjoch oer it weeshūs wie yn hannen fan de eigeners fan trije foarname huzen: Ropta-State te Mitselwier, Papinga-state te Weidum en Camstra-state te Wurdum. Oer dy states en har eigeners/bewenners jout Broos gāns nijs. Benammen oan de famylje Buma, dyt yn de persoan fan Wybe Feddes Buma yn 1749 it wat yn e bedelte rekke weeshūs op e nij op priemmen sette, wurdt omtinken jūn.
Yn 1877 soarge in lettere telch śt de Buma-famylje dat it weeshūs fuortset waard te Huzum (by Ljouwert). Fansels giet Broos ek wiidweidich yn op it libben fan aldendei yn dit lytse weeshūs mei syn lange tradysje.
In oanrieder foar elkenien dyt him ynteressearret foar de skiednis fan sosjale soarch yn it ferline!
J.F. Broos, Vier Eeuwen Tjallinga Weeshuis. Fryske Akademy, Ljouwert 1982. Akademy-nūmer 609.
ISBN: 90 6171 609 8. 217 siden. Priis 14,50 / foar leden en stipers 13,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
de morgenstond heeft goud in de mond