
Vijf abtenlevens van het klooster Mariëngaarde in Friesland
De abtelibbens fan it yn 1163 stichte premonstratinzer kleaster Mariëngaarde by Hallum foarmje de wichtichste boarne foar ús kennis fan de Fryske kleasters en de Fryske maatskippij yn de folle Midsieuwen.
Yn de nije edysje - de foarige datearret út 1879 - is neist de Latynske tekst in paralleloersetting yn modern Nederlânsk jûn. De ynlieding behannelet net allinnich de foarm en funksje fan de vitae, mar ek de skiednis fan Mariëngaarde, it Fryske kleasterlânskip en de Fryske maatskippij.
De Vita Fretherici, oer it libben fan de stichter fan Mariëngaarde, is in hagiografy, mar dan ien mei in mannichte oan betroubere histoaryske feiten. De Vita Siardi hâldt it midden tusken in prekebondel en in fromme managementgids foar kleasteroersten. De tekst jout fierder in goed byld fan de ûntjouwing fan de spiritualiteit binnen Mariëngaarde en har dochterkleasters. De Vita Sibrandi, Iarici et Ethelgeri dêrfoaroer fertsjintwurdiget mear it sjenre fan de gesta en befettet in libben relaas fan de dieden fan trije persoanlikheden, dy't har, yn gearwurking met de regionale adel, tige ynspand hawwe om de groei en bloei fan harren kleasters te garandearjen.
De Vitae biede sa in skat oan ynformaasje oer de bysûndere maatskippij yn de Fryske lannen yn de tolfde en trettjinde ieu.
Lambooij, H.Th.M. en J.A. Mol, Vitae Abbatum Orti Sancte Marie, vijf abtenlevens van het klooster Mariëngaarde in Friesland. Fryske Akademy, Ljouwert en Utjouwerij Verloren, Hilversum, 2001, Akademy-nûmer 923. Middeleeuwse Studies en Bronnen LXXVII. ISBN 90 6550 6721.
538 siden Priis € 42,00 / foar leden en stipers € 40,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Skiednis is de tsjûge fan it ferstriken fan 'e tiid; it smyt ljocht op 'e wurklikheid, hâldt it ûnthâld libben, jout help yn it deistich libben en bringt ús tynge fan it ferline.” Cicero (106-43)