Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Waalke van Borssum Waalkes (1818-1866)

en syn oersetting fan it evangeelje fan Markus

It doel fan it boek is: in faset te beljochtsjen út 'e skiednis fan it Bibeloersetten yn it Frysk. Dêrby is keazen foar in figuer, dy't sawol as persoan as om syn wurkwize tige nijsgjirrich is.

Der is besocht him en syn wurk har plak te jaan:

  • yn it ramt fan 'e 19de ieu en yn ferliking mei oare evangeelje-oersettingen en
  • yn ferbân mei alderlei ûntjouwingen troch de tiden hinne, sawol Frysk-taalkundich as teologysk-eksegetysk.

In ferantwurding fan de útgongspunten fan de skriuwer fynt de lêzer yn haadstik 12.

Brouwer, H., Waalke van Borssum Waalkes (1818-1866) en syn oersetting fan it evangeelje fan Markus. Ferlike mei oare Fryske evangeelje-oersettingen benammen út 'e njoggentjinde ieu troch Hindrik Brouwer. Fryske Akademy Ljouwert 1997. Akademy-nûmer 847.  ISBN: 90 6171 847 3. 477 siden. 
Priis € 25,00 / foar leden en stipers € 22,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“The most exciting phrase to hear in science, the one that heralds the most discoveries, is not ‘Eureka!’ (I found it!) but ‘That's funny...’”

“De spannendste opmerking yn 'e wittenskip, by de measte ûntdekkingen, is net 'Eureka!', mar 'Dat is apart ...'. “ Isaac Asimov (1920-1992)