
In mânsk boek mei de Nederlânske oersetting fan 'e wurken fan Frans Hemsterhuis (1721-1790, berne yn Frjentsjer) dy’t nei Spinoza beskôge wurdt as de grutste Nederlânske filosoof út 'e skiednis.
Michael Petry wurke mei in ploech wittenskippers sechtjin jier oan it Hemsterhuis-projekt.
Njonken de Nederlânske tekst is hyltiten de oarspronklike Frânske tekst ôfprinte.
Yn it wurk is in ynlieding op en in ferantwurding fan it projekt opnommen. It befettet ek in wiidweidich register. Sadwaande is it in bysûnder en wichtich boarneboek.
Frans Hemsterhuis. Wijsgerige Werken. Utjûn, ynlieden en fan kommentaar foarsjoen troch M.J. Petry.
Fryske Akademy Ljouwert / Uitgeverij Damon BV Budel 2001. Akademy-nûmer 916.
ISBN 90 5573 228 1 / 90 6171 916 X. 916 siden. Priis € 35,85 / foar leden en (stipers) € 33,58.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
Als men niet kan zeilen moet men laveren