Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Willem Bartel van der Kooi (1768-1836) en het tekenonderwijs in Friesland

útferkocht

Yn dit earder as proefskrift ferdigene boek beskriuwt de âld-direkteur fan it Fries Museum C. Boschma libben en wurk fan de Fryske skilder Willem Bartel van der Kooi. Alderearst jout er in foar it grutste part op nij, oarspronklik ûndersyk basearre biografyske skets. 

Van der Kooi, berne yn Stynsgea yn 1768, rekke al as jonkje ferslingere oan it tekenjen en skilderjen, ûntwikkele himsels, mar naam ek lessen by Ljouwerter skilders. Fan 1798 ôf wie hy lektor yn it tekenjen oan ’e universiteit fan Frjentsjer; foar Boschma oanlieding ta in ryk haadstik oer it universitêre tekenûnderwiis fan 1744 oant 1843.

Yn 1813 sette Van der Kooi him nei wenjen yn Ljouwert, dêr’t er as society-skilder op in hege namme lei. Rju minsken út de doetiidske Fryske elite binne fan him portrettearre.

Boschma beskôget yn syn boek it oeuvre fan Van der Kooi, de resepsje van dy syn wurk, syn learlingen en it fermidden dêr’t er yn tahold en, útsein in tal oare weardefolle taheakken, jout er ek in wiidweidige oeuvrekatalogus fan dizze bekendste Fryske skilder út ’e earste helte fan de njoggentjinde ieu. 

It boek is rij yllustrearre (foar in part yn kleur).

Boschma, C., Willem Bartel van der Kooi (1768-1836) en het tekenonderwijs in Friesland. With a summary in English. De Tille Ljouwert en de Fryske Akademy Ljouwert 1978. 
Akademy-nûmer 522F. ISBN: 90 70010 56 9. 319 siden. Priis € 40,16.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“Equipped with his five senses, man explores the universe around him and calls the adventure Science.”

“Mei syn fiif sintugen ferkent de minske de wrâld om him hinne en neamt dat aventoer Wittenskip.” Edwin Powell Hubble (1889-1953)