Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Zee- en IJsselmeerwerende waterschappen in Friesland

Verzamelinventaris van gedeponeerde archieven van het Waterschap Fryslân [ca. 1619]-1979 (1980)

Yn dizze sammelynventaris binne de argiven beskreaun fan de see- en Iselmarwarrende wetterskippen dy't yn 1980 opgien binne yn it wetterskip Fryslân - of al foar dy tiid opgongen yn ien fan de foargongers fan dat wetterskip -, foarsafier't der net al ôfsûnderlike ynventarissen fan ferskynd binne.

It giet om de argiven fan de wetterskippen: Zeedijken Contributie Kollumerland en Nieuw-Kruisland, de Contributie Zeedijken Oostdongeradeel, de Engwierumerpolder, de Anjumer- en Lioessenserpolder, de Contributie Zeedijken van Westdongeradeel, de Ternaarderpolder, de Oost-Holwerderpolder, Eastergoa's Sédiken, de West-Holwerderpolder, Zeedijken van Ferwerderadeel, het Oud Bildt, het Nieuw Bildt, de Bildtpollen, de Noorderleegpolder, der Vijfdeelen Zeedijken Binnendijks (oer de perioade 1949-1979), der Vijfdeelen Zeedijken Buitendijks (oer de perioade 1949-1979), Westergo's IJsselmeerdijken, de Zeven Grietenijen en Stad Sloten (oer de perioade 1924-1979).

De argiven binne op it stuit yn it argyfbewarplak yn it haadgebou fan it wetterskiap Fryslân yn Harns.

Ta de groep Fryske zee- en Iselmarwarrende wetterskippen waarden earder ek rekkene de wetterskippen Lemstersluis, de Polder van Oost- en Westdongeradeel en in tal wetterskippen op de Fryske waadeilannen. Dy hearre net ta de foargongers fan it wetterskip Fryslân. Hja binne opgien yn boezemwetterskippen of se besteane noch hyltiten. Harren argiven binne útsoarte net yn dizze ynventaris beskreaun.

De folgoarder fan de ynventarissen is geografysk: de Fryske seewarring wurdt folge, begjinnende yn it easten bij Nittershoek en eindigjend by Skoattersyl.

Raad, H. de en A. Augustijn, Zee- en IJsselmeerwerende waterschappen in Friesland. Verzamelinventaris van gedeponeerde archieven van het Waterschap Fryslân (ca. 1619)-1979 (1980). Fryske Akademy Ljouwert 1992. Monumenta Frisica nûmer 52, Fryske argyfrige. Akademy-nûmer 744. ISBN: 90 6171 744 2. 
Priis € 32,00 / foar leden en stipers € 30,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“The most exciting phrase to hear in science, the one that heralds the most discoveries, is not ‘Eureka!’ (I found it!) but ‘That's funny...’”

“De spannendste opmerking yn 'e wittenskip, by de measte ûntdekkingen, is net 'Eureka!', mar 'Dat is apart ...'. “ Isaac Asimov (1920-1992)