Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Achtkarspeler JWG-ers en in streekeigen kultuer

Undersyk nei de ynfloed fan de streekeigen kultuer fan Achtkarspelen op it hâlden en dragen fan dielnimmers oan de JeugdWerkGarantie-wet

Elk dy't mei in sosjaal-ekonomyske belangstelling nei de Fryske arbeidsmerk sjocht, wurdt konfrontearre mei it grut maatskiplik probleem fan de hege en oanhâldende wurkleazens.

De wurkleaze jongerein is sűnt 1992 ferplichte om, as hja langer as in healjier sűnder wurk west hawwe diel te nimmen oan de JeugdWerkGarantieWet-JWG. Eindoel fan dy JWG is om de wurkleaze jongerein oan it wurk te krijen čn te hâlden.

Fia it ferskaffen fan wurkűnderfining op in JWG-plak, gauris yn kombinaasje mei it folgjen fan ekstra opliedingen, moat de kwaliteit fan de wurkleaze jongerein ferhege wurde en moatte har kânsen op de arbeidsmerk ferbettere wurde.

Dy útgongspunten fan sa'n algemiene (wetlik fęstleine en útwurke) maatregel sille yn de praktyk fan Achtkarspelen, dęr't in tal fan dy heidedoarpen ta hearre, konfrontearre wurde mei in kultuer dy't net op sa'n algemiene manier nei wurk sjocht - alteast, as dy streekeigen kultuer hjoed noch bestiet.

De ynfloed fan regionale kultuer stiet dus sintraal yn dizze stúdzje.

Verhaar, C.H.A., Achtkarspeler JWG-ers en in streekeigen kultuer. Undersyk nei de ynfloed fan de streekeigen kultuer fan Achtkarspelen op it hâlden en dragen fan dielnimmers oan de JeugdWerkGarantie-wet. Fryske Akademy, Ljouwert 1997. Akademy-nűmer 840. ISBN: 90 6171 840 6. 230 siden. Priis € 16,00 / foar leden en stipers € 12,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

Mooie woorden

“Equipped with his five senses, man explores the universe around him and calls the adventure Science.”

“Mei syn fiif sintugen ferkent de minske de wrâld om him hinne en neamt dat aventoer Wittenskip.” Edwin Powell Hubble (1889-1953)