Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

De aktuele Steat fan Fryslân

‘De aktuele Steat fan Fryslân’ is in foar in breed publyk ornearre boek dat in byld jout fan it hjoeddeiske Fryslân. It giet om it byld dat mei it bleate each waarnommen wurde kin, en foaral om de feiten, sifers en ûntjouwings dy’t efter of ûnder dat byld sitte. It boek wol sjen litte wat yn Fryslân oan de oarder is en wat foar de takomst ferwachte wurde mei.

De njoggen haadstikken, skreaun troch alve ûnderskate auteurs, folgje allegearre inselde stramyn: de Fryske sifers en ûntjouwings wurde foar safier mooglik ôfset tsjin de Nederlânske sifers en ûntjouwings. Dêr wêr’t de Fryske sifers en ûntjouwings fan de Nederlânske ôfwike, wurdt dat ûnderstreke, lykas ek fêststeld wurdt wêr’t de Fryske sifers net oars binne as de Nederlânske. Op dy wize wurdt besocht om in antwurd te jaan op de fraach yn hoefier’t Fryslân him - al of net - fan it gruttere gehiel ûnderskiedt.

It boek begjint mei in haadstik oer de wenjende Fries, dêrnei folgje haadstikken oer ekonomy, ûnderwiis, meartaligens, polityk en bestjoer, frije tiid, sûnens en siik wêzen, plysje en rjochtspraak, en ta beslút, it lok fan de Friezen.

Hemminga, Piet (red.) De aktuele Steat fan Fryslân, Fryske Akademy, Ljouwert 2001. 
Akademy-nûmer 921. ISBN 90 61719275. 248 siden, 18 kaarten, 19 foto’s en 89 tabellen en grafiken. 
Priis € 30,00 / foar leden en stipers € 28,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“Ús âldfaars taal ferhúnd, ferstaat, ferproppe wie nêsteby yn it reach betiisd, yn it jierfek stoppe”

“Our ancestral language despised, orphaned, neglected had almost been deposed, a relic of ancient history.” Gysbert Japicx (1603-1666)