Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Fries in het voortgezet onderwijs, een Echternachse processie

Een evaluatie-onderzoek naar de effecten van het project
Op weg naar Fries als examenvak in het voortgezet onderwijs

De posysje fan it Frysk ferbetterje
Sûnt de Midsieuwen hat him yn 'e skoallen yn Fryslân in Hollânskstalige tradysje ûntjûn. Benammen by de foarming fan it Keninkryk Nederlân, nei de Frânske tiid waard it Frysk hieltyd mear út 'e skoallen ferdreaun. Earst yn 'e 20ste ieu wurdt yn 'e fermiddens fan Fryske Bewegers aksje fierd foar in folweardich plak fan it Frysk yn 'e skoallen. Dat resultearre yn 1980 yn 'e ferplichting fan it fak Frysk yn it basisûnderwiis en yn 1993 yn it fuortset ûnderwiis. It belied fan Provinsjale Steaten fan Fryslân is sûnt de jierren tachtich rjochte op 'lykweardigens en lykberjochtiging' fan it Frysk yn 'e Fryske mienskip. Tsjin dy eftergrûn hat it provinsjaal bestjoer middels beskikber steld om 'e posysje fan it Frysk op fjouwer skoallen foar fuortset ûnderwiis te ferbetterjen.

Mear learlingen kieze Frysk
Van der Bij en Valk konkludearje dat mar foar ien fan 'e fjouwer doelstellings fan it projekt fan in posityf resultaat sprutsen wurde kin. Der hawwe op 'e projektskoallen sinjifikant mear learlingen keazen foar it fak Frysk yn it eksamenpakket op it HAFU en TWU yn ferliking mei de kontrôleskoallen.

De attitude foar it Frysk oer is by de leararen positiver wurden yn ferliking mei de mjittings oan it begjin en de ein fan it projekt, mar dat moat yn haadsaak taskreaun wurde oan 'e positivere hâlding fan 'e leararen fan ien fan 'e projektskoallen. Op de oare projektskoallen en de kontrôleskoallen is de attitude net feroare (ien fan 'e projektskoallen woe net dielnimme oan dat part fan it ûndersyk). By de learlingen fan 'e projekt- en kontrôleskoallen waarden gjin ferskillen yn 'e attitude fêststeld.

It projekt hat ek gjin ynfloed op it taalgedrach fan 'e leararen en learlingen yn 'e deistige skoalpraktyk binnen en bûten de lessen hân. De ûndersikers stelle fêst dat der gjin oanset makke is foar in learplan Frysk foar de 'tuskenlizzende jierren'.

'Ferburgen learplan'
Yn in apart haadstik wurde de 'oarsaken' fan it wol of net heljen fan effekten besprutsen. De wichtichste konklúzje is dat it taalgedrach binnen de skoalle wurket as in 'ferburgen learplan' en dat dêryn neat feroaret as soksoarte fan projekten har yn 'e marzjes fan it skoalbarren ôfspylje. It proefskrift wurdt ôfsletten mei in tal beliedsadvizen oan it provinsjaal bestjoer en de skoallen.

Bij, Jacob van der en Renze W. Valk, Fries in het voortgezet onderwijs, een Echternachse processie. Fryske Akademy, Ljouwert 2005. Akademy-nûmer 985. ISBN: 90 6171 985 2. NUR 620. 304 siden. Priis € 32,50 / foar leden en stipers € 30,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“Ús âldfaars taal ferhúnd, ferstaat, ferproppe wie nêsteby yn it reach betiisd, yn it jierfek stoppe”

“Our ancestral language despised, orphaned, neglected had almost been deposed, a relic of ancient history.” Gysbert Japicx (1603-1666)