

útferkocht
Al sûnt ieuwen binne Friezen, al of net troch omstannichheden twongen, út har heitelân weigien om earne oars har gelok te sykjen. Benammen yn de twadde helte fan de 19de en yn de 20ste ieu migrearren in soad Friezen, foar it grutste part nei oare provinsjes yn Nederlân, mar ek wol nei it bûtenlân.
Friezen om utens hawwe besocht om yn kontakt te bliuwen mei famylje en kunde yn it berteplak, mar guon hawwe ek besocht om yn de nije omjouwing yn kontakt te kommen mei lânslju. Yn beskate gefallen hat dat laat ta it oprjochtsjen fan Fryske kulturele ferienings, de saneamde Kriten, dêr’t guon fan al mear as 100 jier besteane. Studinten om utens hawwe elkoar ek opsocht en Fryske studinteferienings oprjochte.
Dit boek giet oer dy Fryske ferienings om utens yn Nederlân. Yn it koart wurdt earst har skiednis behannele. Dan komme de reden dêr’t de Friezen om utens om migrearren oan de oarder. It docht bliken dat it benammen oplieding en wurk west hawwe dy’t minsken ta fuortgean oanset hawwe. De fraach dy’t dêrnei beandere wurdt is wat it Frysk en wat Fryslân foar de Friezen om utens (noch) betsjut.
It materiaal wiist út dat it Frysk en Fryslân noch in hiel soad betsjutte foar de Friezen om utens. Fierder wurdt omtinken jûn oan taalgedrach, taalbehearsking en taaloerdracht.
Friezen om utens fersteane hast allegearre Frysk, prate it ek, yn ferhâlding ta de lju yn Fryslân hawwe hja it Frysk skriuwen ek better yn ‘e macht. It is net maklik om it Frysk yn in folslein net-Fryske omjouwing op de nije generaasjes oer te dragen.
De bern fan de migranten fersteane noch wol Frysk, mar sprekke it hast net mear. Oan de bernsbern wurdt it Frysk hast net trochjûn. It die bliken dat de taaloerdracht foaral beskaat wurdt troch de taalhomogeniteit fan it houlik, de bining mei Fryslân, de geografyske ôfstân ta Fryslân en de lingte fan it ferbliuw om utens.
Yn de slotskôging wurde in stikmannich hypotezen formulearre en wurde suggestjes dien foar neier ûndersyk.
Jansma, L.G. en G.H. Jelsma, Friezen om utens, Ljouwert 1996, Akademy-nûmer 835,
Sosjaal Wittenskiplike Rige nûmer 13. ISBN 90 6171 835 x. 160 siden.
Priis € 11,50 / foar leden en stipers € 11,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Nearne is fêstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)