Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Frisian as first and second language

Sociolinguistic and socio-psychological aspects of the acquisition of Frisian among Frisian and Dutch primary school children

‘Frisian as first and second language’ is in empirysk ûndersyk nei de ferwerving fan it Frysk as earste en twadde taal by basisskoallelearlingen (groep 5 en 8).

Wat de ferwerving fan it Frysk as earste taal oanbelanget, wurdt sjoen nei de kwaliteit fan it Frysk fan de learlingen.

Dêrby wurdt omtinken jûn oan fiif taalfariabelen: de bûging fan je-tiidwurden, ferlytsingswurden, verb-raising, leksikale kennis en brekking.

Oangeande de ferwerving fan it Frysk as twadde taal wurdt nei deselde taalfariabelen sjoen.

Boppedat wurdt de taalattitude fan de Nederlânsktalige learlingen ûndersocht en harren motivaasje om it Frysk as twadde taal te learen.

Ytsma, Jeh., Frisian as first and second language. Sociolinguistic and socio-psychological aspects of the acquisition of Frisian among Frisian and Dutch primary school children. Fryske Akademy, Ljouwert 1995. Akademy-nûmer 797. ISBN: 90 6171 797 3. 208 siden. Priis € 13,50 / foar leden en stipers € 12,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“The most exciting phrase to hear in science, the one that heralds the most discoveries, is not ‘Eureka!’ (I found it!) but ‘That's funny...’”

“De spannendste opmerking yn 'e wittenskip, by de measte ûntdekkingen, is net 'Eureka!', mar 'Dat is apart ...'. “ Isaac Asimov (1920-1992)