
Fan 1987-1989 fierde de Fryske Akademy in ûndersyksprojekt út, dat him konsintrearre op it arbeidsmerkgedrach en it deistige libben fan de (lang) wurkleazen yn 'e provinsje Fryslân. Dy stúdzje waard yn opdracht fan it Arbeidsbureau yn Fryslân útfierd. Yn it iepeningsartikel fan de publikaasje begjint Verhaar mei in skets fan 'e ekonomyske sitewaasje fan Fryslân. Dêrby yntrodusearret er de eftergrûn dy't laat hat ta it jaan fan de opdracht foar it ûndersyk troch it Arbeidsbureau.
Yn 'e folgjende twa artikels wurdt besocht (in part fan) de resultaten fan dit Frysk ûndersyksprojekt te relativearjen oan teory oer it arbeidsmerkgedrach en oer hoe't lju harren oanpasse oan in leger ynkommen.
Yn 'e folgjende bydrage brûkt Van Ophem syn koartlyn publisearre proefskrift om de oanpassings te besprekken oan 'e finansjele konsekwinsjes fan wurkleazens fan ien kategory fan 'e ûndersochte wurkleazen, nammentlik dy wurkleazen dy't de haadkostwinners fan in húshâlding binne.
Wer wurde hypotezen formulearre en ûndersocht foar de Fryske sitewaasje.
Yn it lêste part fan de publikaasje presintearret De Vries in yntroduksje oangeande it Nederlânske arbeidsmerkbelied sûnt it begjin fan de tweintichste ieu, benammen konsintrearre op 'e jierren nei de Twadde Wrâldkriich. Syn útgongspunt is de ekonomyske ûntjouwing fan de provinsje Fryslân en it belied dat opset wie om dy ûntjouwing te befoarderjen.
De ferwachtings binne dat Fryslân yn 'e neie takomst te krijen hawwe mei hege en sels oprinnende wurkleasheidssifers. Benammen Verhaar en De Vries wize yn harren artikels op 'e needsaak om effektiver belied op te setten om dat fenomeen en syn sosjaal-ekonomyske gefolgen te bestriden.
Verhaar, C.H.A., M.P.M. de Goede, J.A.C. van Ophem en A. de Vries, Frisian Long-term Unemployment. Fryske Akademy and Frisian Labour Exchange, Ljouwert 1990. Akademy-nûmer 718.
ISBN: 90 6171 718 3. 174 siden Priis € 11,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
boter, roggebrood en groene kaas, wie dat niet zeggen kan is geen oprechte Fries