
[hast útferkocht]
Yn Het beleid inzake unieke regionale talen wurdt in antwurd jûn op de fraach wat it oerheidsbelied oangeande it Frysk yn Nederlân en it Noardfrysk en Sorbysk yn Dútslân tsjintwurdich ynhâldt en yn de rin fan de tiid ynholden hat. Hoe en wêrom komt sok belied al of net ta stân? Wat binne de ferskillen en oerienkomsten tusken de trije ûndersochte taalbeliedssituaasjes en wat is de ferklearring dêrfan?
Om dy fragen te beänderjen hat de skriuwer in ûndersyksmodel ûntwikkeld, dat mei de letters BIC oantsjut wurdt. Dy letters steane foar trije ynfalshoeken: Beliedsskiednis, Interactie (ynteraksje) en Context (kontekst).
It ûndersyk makket dúdlik dat as belied ta stân komme sil, it nedich is dat de direkt belanghawwenden de foarstap ta dat belied nimme. Mar dat is net genôch. Om belied op it oanbelangjend mêd ta stân te bringen moatte ek eksterne faktoaren dy’t foar in tydlik tanommen ûntfanklikens fan oerheidsside foar regionale taalwinsken en -easken soarchje, meiwurkje. Dêrby kin it sawol om it gebrûk meitsjen fan bygelyks in nij beliedsynstrumint of in regearingswiksel gean, as om it ynternasjonale ramt, bygelyks it bestean fan Dútsktalige minderheden bûten Dútslân.
It troch de Ried fan Europa fêststelde Europeesk Hânfest foar regionale of minderheidstalen liket ek fan tanimmend belang te wurden.
Hemminga, P., Het beleid inzake unieke regionale talen, Een onderzoek naar het beleid en de beleidsvorming met betrekking tot een drietal unieke regionale talen: het Fries in Nederland en het Noord-Fries en Sorbisch in Duitsland. Fryske Akademy, Ljouwert 2000. ISBN 90 6171 901 1. Akademy-nûmer 901, 521 siden. Priis € 21,50 / foar leden en stipers € 20,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Alle wittenskip is net mear as in ferfining fan it tinken fan al-den-dei.”
Albert Einstein (1879-1955)