Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Leesbegrip, leesplezier en de Friese taalnorm

Een onderzoek naar de invloed van de taalnorm op leesbegrip en leesplezier

Yn 2003 hat de Fryske Akademy yn opdracht fan Stichting Lezen in űndersyk útfierd mei as titel Leesbegrip, leesplezier en de Friese taalnorm: een onderzoek naar de invloed van de taalnorm op leesbegrip en leesplezier. Yn it ramt fan it űndersyk hat űndersykster Bernadet de Jager yn kaart brocht yn hoefier’t de taalnoarm yn Fryske jongereinliteratuer ynfloed hat op it lęsbegryp en it lęsplezier fan learlingen yn it basisűnderwiis.

Yn it űndersyk binne 396 learlingen út de groepen 6 en 7 fan 18 Fryske basisskoallen trije Frysktalige teksten foarlein yn trije farianten: ien mei in tradisjonele, ien mei in moderne en ien mei in tuskenlizzende taalnoarm. De learlingen hawwe by alle teksten tsien begrypsfragen beäntwurde en har oardiel jűn oer de ‘leukheid’ en de ‘moeilijkheid’ fan it hantearre taalgebrűk.

De űndersochte groep learlingen is net posityf oer Frysk lęzen. Goed 40% fan 'e learlingen jout oan net of mei muoite Frysk lęze te kinnen. Mar leafst 79% fan 'e learlingen jout oan gjin Fryske boeken te lęzen. Ta ferliking: foar it Nederlânsk lęzen is dat acht prosint. Mei-inoar hat 55% fan 'e learlingen in (hiel) negative hâlding foar it Frysk lęzen oer.

Yn it űndersyk is in trend fűn yn 'e relaasje tusken lęsbegryp en lęsplezier en de hantearre taalnoarm yn 'e tekst dy’t de learlingen lęze. De moderne tekstfariant lit sawol by lęsbegryp as by lęsplesier hegere skoares sjen as de tradisjonele fariant. Yn twa gefallen wie it ferskil tusken de tradisjonele en moderne fariant statistysk (sterk) signifikant. It docht bliken dat lęsbegryp en lęsplezier fierders sterk gearhinget mei de sekse fan 'e learling, de groep dęr’t de learling yn sit en de memmetaal fan 'e learling.

De 22 learkręften fan de űndersochte learlingen hawwe yn in koarte fragelist ek har oardiel jűn oer de hantearre taalnoarm yn 'e teksten. Sy skatte de moderne fariant makliker yn as de tradisjonele fariant en binne fan betinken dat it taalgebrűk yn 'e moderne tekstfariant better oanslút by de taal fan 'e learlingen as it taalgebrűk yn 'e tradisjonele fariant. By fiif saakkundigen op it gebiet fan Fryske jongereinliteratuer dy’t befrege binne, sjogge wy inselde byld. Oer it generaal stypje de űndersyksútkomsten it pleit foar in modern taalgebrűk yn Fryske jongereinliteratuer.

Jager, Bernadet de, Leesbegrip, leesplezier en de Friese taalnorm. Een onderzoek naar de invloed van de taalnorm op leesbegrip en leesplezier. Utjefte fan Stichting Lezen, Amsterdam 2003, mar it rapport is yn opdracht fan de Fryske Akademy makke en tydlik by de Fryske Akademy te krijen. 48 siden. Priis € 9,50

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“Nowhere is it ordained that history moves in a straight line.”

“Nearne is fęstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)