Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Leespiramide

Evaluatieonderzoek naar een tweetalig leesbevorderingsproject in Friesland

Fan jannewaris oant maaie 1996 waard yn groep 7 en 8 fan alve basiskoallen út it Onderwijsvoorrangsgebied Friesland it lêsbefoarderingsprojekt 'Leespiramide' hâlden.

Wichtichste doel fan 'e 'Leespiramide' is it fergrutsjen fan 'e lêswille yn sawol de Fryske as de Nederlânske taal. As bern niget krije oan it lêzen, wurdt nei alle gedachten in proses op gong brocht, dêr't de motivaasje om te lêzen gutter by wurdt, de lêsfrekwinsje tanimt en de lêsfeardigens mooglik ek ferbetteret.

Om fêst te stellen oft it Leespiramideprojekt effekt hân hat, is yn dit evaluaasje-ûndersyk in antwurd socht op twa dielfragen.

Dielfraach A bestie út in beskriuwing fan 'e begjinsitewaasje by de oan it Leespiramideprojekt dielnimmende learlingen oangeande de aspekten lêshâlding Frysk, lêshâlding Nederlânsk, lêsgedrach (Frysk, Nederlânsk en algemien), lêsfeardigens Frysk, lêsfeardigens Nederlânsk, wurdskat Frysk en wurdskat Nederlânsk.

Dielfraach B gong om de eigentlike effektmjiting. Dy moast fêststelle yn hoefier't it projekt 'Leespiramide' de aspekten lêshâlding Frysk, lêshâlding Nederlânsk, lêsgedrach, lêsfeardigens Frysk, lêsfeardigens Nederlânsk, wurdskat Frysk en wurdskat Nederlânsk, posityf beynfloede hat. Dêrby stiet de lêshâlding sintraal.

Foar alle krekt neamde aspekten moast konkludearre wurde, dat de ‘Leespiramide’ gjin oanwiisber effekt hân hat. Wat de posysje fan jeugdliteratuer op de projektskoallen oanbelanget, kin steld wurde dat learkrêften it belang fan jeugdliteratuer wol ûnderstreekje, mar der yn 'e praktyk net op systematyske wize omtinken oan besteegje.

De kennis fan de Nederlânske jeugdliteratuer is ridlik, mar wat de Fryske jeugdliteratuer oanbelanget, docht bliken dat de learkrêften dêr oer it algemien min fan op 'e hichte binne. De learkrêften wiene oer it algemien (tige) posityf oer it projekt. Kanttekenings waarden pleatst by (de swierrichheidsgraad fan) de Fryske boeken dy't de bern yn it ramt fan it projekt liezen.

Al mei al kin konkludearre wurde dat it projekt troch de skoallen as weardefol beskôge is, mar dat de doelmjittichheid fan de 'Leespiramide' in dizze evaluaasje net oantoand is.

M.C.I. Le Rütte, Leespiramide. Evaluatieonderzoek naar een tweetalig leesbevorderingsproject in Friesland. Fryske Akademy, Ljouwert 1996.  60 siden. Priis € 7,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

"As it net sile wol, moat men lavearje"

Als men niet kan zeilen moet men laveren