Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Naar school

Participatie en prestaties in de provincie Fryslân

It ûndersyk ‘Naar School’ is it earste diel fan in stúdzje nei it ûnderwiisnivo fan 'e Fryske learlingen yn it basisûnderwiis en fuortset ûnderwiis. Op basis fan besteande lanlike datasets binne fan de Fryske learlingen yn it basisûnderwiis de taal- en rekkenprestaasjes ûndersocht. Yn it fuortset ûnderwiis binne de trochsneed eksamensifers fan 'e Fryske learlingen yn itVBO, MAVO, HAVO en VWO analysearre. As lêste binne de dielnamesifers oan it Fryske VWO ûndersocht. Yn alle gefallen binne de gegevens fan de Fryske learlingen ferlike mei it lanlike gemiddelde en mei de gegevens fan learlingen yn mei Fryslân wat beroppestruktuer en ferstedsking oanbelanget ferlykbere provinsjes. Dêrfoar binne de provinsjes Drinte, Seelân en Limburch selektearre.

Op grûn fan de beskikbere gegevens docht bliken dat sawol de Fryske learlingen yn it basisûnderwiis as de Fryske learlingen yn it fuortset ûnderwiis mei ûnderwiisefterstannen kampe.

Benammen de systematyske efterstannen fan de Fryske learlingen yn ferliking mei de Limburchske learlingen binne opmerklik, temear om't de beroppestruktuer en ferstedsking, wichtige foarsizzers foar skoalprestaasjes, fan de beide provinsjes goed oerienkomme.

Yn dy sin binne earder gelikense skoalprestaasjes fan de Fryske en Limboarchske learlingen en in gelikense dielname oan it VWO yn de beide provinsjes te ferwachtsjen.

De risseltaten hawwe dan ek laat ta de útfiering fan de twadde, ferklearjende faze fan it ûndersyk.

Sjoch ek by: Voorsprong of achterstand?

Ruijven, E.C.M. van, Naar school. Participatie en prestatie in de Provincie Fryslân. Fryske Akademy, Ljouwert 2000. 82 siden. Priis € 7,00 / foar leden en stipers € 5,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“Ús âldfaars taal ferhúnd, ferstaat, ferproppe wie nêsteby yn it reach betiisd, yn it jierfek stoppe”

“Our ancestral language despised, orphaned, neglected had almost been deposed, a relic of ancient history.” Gysbert Japicx (1603-1666)