Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

On the Mysteries of Unemployment

Causes, Consequences and Policies
Studies in Operational Regional Science

Sűnt it begjin fan 'e ekonomyske krisis fan 'e tachtiger jierren fan 'e tweintichste ieu is der frijwat űndersyk dien nei it probleem fan 'e wurkleazens. Nettsjinsteande dat is it probleem net folslein begrepen, noch binne de konsekwinsjes adekwaat foarkommen.

Yn dizze wichtige nije bondel, On the Mysteries of Unemployment, binne ekonomyske en sosjale wittenskippers byinoar brocht om 'e lęzer de lęste ynsjoggen op it męd fan wurkleazens en beliedsmaatregels oangeande wurkleazens oan te bieden út it perspektyf fan beide dissiplinen wei.

On the Mysteries of Unemployment bestiet út fjouwer dielen.

Diel Ien bestiet út in ynliedend haadstik en in algemien oersjoch.

Diel Twa leveret ynteressante bydragen dy't in nij ynsjoch jouwe út ekonomysk-wittenskiplik perspektyf wei, wylst yn it tredde diel sosjale wittenskippers in balansearre oersjoch jouwe. 
It lęste part is wijd oan it űndersyk fan beliedskwestjes oangeande wurkleazens.

Dizze publikaasje, unyk yn syn soart, is wichtich foar űndersikers, studinten, politisy en beliedsmakkers.

Verhaar, C.H.A., L.G. Jansma (algemien redakteuren) & M.P. de Goede, J.A.C. van Ophem en A. de Vries. On the Mysteries of Unemployment: Causes, Consequences and Policies. Studies in Operational Regional Science. Volume 10. Fryske Akademy Ljouwert en Kluwer Academic Publishers, Dordrecht/Boston/London. Akademy-nűmer 749. ISBN 0 7923 1976 1. 500 siden. 
Priis € 170,50 / foar leden en stipers € 159,15.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“Equipped with his five senses, man explores the universe around him and calls the adventure Science.”

“Mei syn fiif sintugen ferkent de minske de wrâld om him hinne en neamt dat aventoer Wittenskip.” Edwin Powell Hubble (1889-1953)