
Onderzoek naar de onderwijsresultaten van de leerlingen en de kwaliteit van het basisonderwijs en het voortgezet onderwijs in Fryslân
De Provincie Fryslân hat de Fryske Akademy en de Ryksuniversiteit Grins opdracht jûn foar in grutskalich ûndersyk nei it Fryske basisûnderwiis en fuortset ûnderwiis. It ûndersyk is op belied rjochte en is dêrom fasearre útfierd. Elke faze is ôfsluten mei in publikaasje fan 'e ûndersyksresultaten.
Yn 'e earste faze is in antwurd jûn op 'e fraach oft de learlingen yn it Fryske ûnderwiis efterstannen hawwe. Dêrfoar binne de ûnderwiisresultaten fan 'e learlingen yn it Fryske ûnderwiis út besteande lanlike datasets ferlike mei it lanlik gemiddelde en mei de prestaasjes trochinoar fan learlingen yn ferlykbere provinsjes.
Yn 'e twadde faze is de ferklearjende fraach nei de Fryske ûnderwiisefterstannen útwurke (Van Ruijven 2003). Dêrfoar binne nije gegevens ûnder de learlingen en skoallen yn Fryslân en de referinsjeprovinsjes sammele. Mei it each op 'e ûntwikkeling fan spesifyk ûnderwiisbelied binne yn 'e twadde faze benammen de ferskillen op skoalnivo fan Fryslân yn ferlyk mei de referinsjeprovinsjes beljochte.
Oan ’e ein is in tredde faze fan it ûndersyk reservearre. Yn dy lêste faze binne de ferskillen op learlingenivo besjoen en alle ûndersykresultaten yn in wittenskiplik teoretysk kader setten. Fan dat gehiel wurdt yn dat proefskrift ferslach dien.
Mei de útjefte fan dizze publikaasje is it ûndersyk nei de effektiviteit fan it ûnderwiis yn Fryslân ôfsletten.
Oer de auteur:
Bernie van Ruijven (1954) studearre Sociologie oan 'e Ryksuniversiteit Grins. Sy die dit ûndersyk oan 'e Fryske Akademy yn Ljouwert, dêr't sy as wittenskiplik ûndersykster wurket.
Ruijven, E.C.M. van, Onderwijseffectiviteit in Fryslân. Onderzoek naar de onderwijsresultaten van de leerlingen en de kwaliteit van het basisonderwijs en het voortgezet onderwijs in Fryslân.
Fryske Akademy Ljouwert 2004. Akademy-nûmer 971. ISBN: 90 6171 971 2. 282 siden.
Priis € 32,50 / foar leden en stipers € 31,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Mei syn fiif sintugen ferkent de minske de wrâld om him hinne en neamt dat aventoer Wittenskip.” Edwin Powell Hubble (1889-1953)