
In ûndersyk nei de ynfloed fan regionalistyske easken op it oerheidsbelied yn en oangeande
Fryslân, Wales en Bretagne
Yn dit boek wurdt it oerheidsbelied yn Fryslân, Wales en Bretagne, trije regio’s mei in dúdlike eigen identiteit, benammen beskaat troch in eigen taal, mei elkoar ferlike. Sintraal stiet de fraach nei de ynfloed van regionalistyske ideeën op it oerheidsbelied.
Dêrta wurdt foar de trije regio’s it regearingsbelied ûndersocht op it mêd fan bestjoerlike organisaasje, op it mêd fan de romtlike oardering en op dat fan de regionale ekonomy, en oangeande de posysje fan 'e eigen taal yn it offisjeel ferkear en yn it ûnderwiis.
De trije gebieten wurde yn detail beskreaun en dêrnei analysearre út it teoretysk perspektyf fan it aginda-model wei.
Op basis fan dy ferliking wurdt in yngeand andert jûn op de sintrale fraach.
Alhoewol't it ûndersyk al wer in pear jier âld is, hat it noch neat fan syn aktualiteit ferlern en is it noch like wichtich foar wittenskippers, bestjoerders en beliedsmakkers dy’t har mei regionale polityk dwaande hâlde.
Rijn, J.G. van, en C. Sieben, Regionalisme en Oerheidsbelied. In ûndersyk nei de ynfloed fan regionalistyske easken op it oerheidsbelied yn en oangeande Fryslân, Wales en Bretagne, Fryske Akademy, Ljouwert 1991. Sosjaal-Wittenskiplike Rige nûmer 11. Akademy-nûmer 733.
ISBN: 90 6171 733 7. 361 siden. Priis € 13,50 / foar leden en stipers € 12,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Taal jout foarm oan hoe't wy tinke, en bepaalt wêr't wy oan tinke kinne.”
Benjamin Lee Whorf (1897-1941)