Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Taal yn it Grinsgebiet

Undersyk nei de taalferhâldings en de taalgrins yn it Westerkertier yn Grinslân

Yn 1984 waard in enkête foarlein oan goed 1000 respondinten yn it Westerkertier, in streek yn de provinsje Grinslân, krekt oer de Fryske grins. Yn dizze publikaasje wurde de risseltaten dêrfan werjûn. It boek bestiet út twa dielen.

Yn it earste diel wurde sifers presintearre dy’t it hiele gebiet oanbelangje. Dan wurde taaleftergûn en taalbehearsking (Frysk, Westerkertiersk, Nederlânsk) behannele yn relaasje ta berop, oplieding, geografysk komôf, wendoer, denominaasje. Fierder wurdt ek wiidweidich omtinken jûn oan de taaloerdracht. Yn it twadde diel wurdt dan besocht de rin fan de Fryske taalgrins fêst te stellen. Mei help dêrfan wurde dan trije taalsônes ûnderskaat en de sône wurdt wer omtinken jûn oan taaleftergrûn, taalbehearsking en taaloerdracht. It ûndersyk wiist út dat it Frysk yn it Westerkertier rap tebekrint, dat it Westerkertiersk - alteast foarriedich - stabyl bliuwt en it Nederlânsk tanimt.

Gorter, D. L.G. Jansma en G.H. Jelsma, Taal yn it Grinsgebiet. Undersyk nei de taalferhâldings en de taalgrins yn it Westerkertier yn Grinslân. Fryske Akademy, Ljouwert 1990. Sosjaal-wittenskiplike rige nûmer 10. Akademy-nûmer 715. ISBN: 90 6171 715 9. 295 siden. Priis € 13,50 / foar leden en stipers € 12,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

"Te wêzen of net te wêzen, dat is de fraach"

William Shakespeare (1564-1616)