
Onderzoek naar de taal van de leerlingen in het Drentse onderwijs en de samenwerking tussen taalachtergrond en de schoolprestaties van de leerlingen in het Drentse basisonderwijs
Fanâlds wurde der yn Nederlân meardere regionale talen sprutsen. Yn dit ûndersyk stiet ien regionale taal sintraal, nammentlik it Drintsk. De fraach is watfoar posysje it Drintsk as regionale taal ynnimt yn ferhâlding ta it Nederlânsk as standerttaal.
It ûndersyk is yn opdracht fan Stichting Drentse Taol útfierd en yn it bysûnder rjochte op 'e posysje fan it Drintsk ûnder de jongerein yn Drinte.
Hoefolle jongeren hawwe it Drintsk as memmetaal? Yn hoefier wurdt it Drintsk troch de jongerein yn it deistich libben praat? Hoe ferhâldt it taalbyld fan 'e jonge skoalbern yn Drinte him ta it taalbyld fan jonge skoalbern yn Fryslân, dêr’t it Frysk as minderheidstaal foarkomt?
Neist de antwurden op dy fragen wurdt yn it ûndersyk omtinken jûn oan 'e fraach oft it praten fan in regionale taal neidielich is foar skoalprestaasjes.
Dêrfoar binne de taal- en rekkenprestaasjes fan Drintsktalige basisskoallelearlingen ferlike mei dy fan Nederlânsktalige learlingen. By dy analyzen binne de gegevens fan 'e learlingen yn it Fryske basisûnderwiis ek as referinsjemateriaal brûkt.
Ruiven, E.C.M. van Ruijven, Taalbeeld van de leerlingen in het Drentse onderwijs. Drentse taol, centrum veur taol en letterkunde en de Fryske Akademy, Ljouwert 2005. Akademy-nûmer 983. 135 siden. Der binne in beheind tal eksimplaren fergees beskikber. Dêrta kinne jo kontakt opnimmme mei: Afûk
“Our ancestral language despised, orphaned, neglected had almost been deposed, a relic of ancient history.” Gysbert Japicx (1603-1666)