Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Voorsprong of achterstand?

Een onderzoek naar het onderwijsniveau van de Friese leerlingen in het basisonderwijs en voortgezet onderwijs

It ûndersyk 'Voorsprong of achterstand?' is it twadde diel fan in stúdzje nei it ûnderwiisnivo fan de Fryske learlingen yn it basisûnderwiis en fuortset ûnderwiis.

Yn it earste part is it ûnderwiisnivo fan de Fryske learlingen op makronivo analysearre. Yn dit twadde part wurdt de fraach nei it wêrom fan 'e Fryske ûnderwiisefterstannen útwurke. Dêrfoar is it ûnderwiisnivo fan 'e Fryske learlingen ferlike mei it lanlik nivo en it ûnderwiisnivo fan learlingen út 'e referinsjeprovinsjes Drinte en Limburch.

Mei it each op kwaliteitsferbettering fan it Fryske ûnderwiis binne yn 'e ferklearjende analyzes benammen de ferskillen op skoalnivo fan Fryslân wat de twa referinsjeprovinsjes oanbelanget, beljochte.

It ûndersyk is ôfsletten mei beliedsoanrekommandaasjes rjochte op de ûnderwiispraktyk en oanrekommandaasjes rjochte op it Fryske ûnderwiisbelied.

Oer de auteur: 
Bernie van Ruijven (1954) studearre sosjology oan 'e Ryksuniversiteit Grins en wurket as wittenskiplik ûndersykster by de Fryske Akademy.

Sjoch ek by: Naar school

Ruijven, E.C.M., Voorsprong of achterstand? Onderzoek naar het onderwijsniveau van de Friese leerlingen in het basisonderwijs en het voortgezet onderwijs. Fryske Akademy Ljouwert 2003. 187 siden. 
Priis € 15,00 / foar leden en stipers € 12,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“Fier haw ik myn dreamen weide en de himel iepen sjoen”

“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)