Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Wolvegea foarby

Yn 'e simmer fan 1997 hat Omrop Fryslân op freedtejûn seis kear in programma útstjoerd mei petearen tusken in meiwurker fan 'e Fakgroep Sosjale Wittenskippen fan 'e Fryske Akademy oan 'e iene kant en in kollega oarsearne út Nederlân oan 'e oare kant.

It die bliken dat it hiel aardige en nijsgjirrige petearen waarden en dêrom is de rige radiopetearen bondele yn 'e brosjuere 'Wolvegea foarby'. Der binne seis Frysk/Nederlânske petearen útskreaun yn 'e brosjuere:

  • Durk Gorter en Pieter Muysken, oer taalbefoardering en taalkwaliteit
  • Mark Stuijt en Guus Extra, oer autochtoane en allochtoane minderheidstalen
  • Jacob van der Vaart en Geert Mak, oer de feroarings op it plattelân
  • Reitze Jonkman en Jo Daan, oer de posysje fan it Frysk en de dialekten
  • Piet Hemminga en Siemon Reker, oer taalbelied yn Fryslân en Grinslân
  • Jehannes Ytsma en Cor Hoppenbrouwers oer de fernederlânsking fan it Frysk

It boekwurkje telt 47 siden, is yn beheinde oplage útjûn en is foar € 2,00 te krijen yn 'e boekwinkel fan de Fryske Akademy.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“Nowhere is it ordained that history moves in a straight line.”

“Nearne is fêstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)