
Op it stuit útferkocht
Utjefte mei ynlieding en oantekeningen fan dit yn 1639 anonym útjûne Midfryske brulloftsfers.
It hat de foarm fan in gearspraak tusken mem Ansck en dochter Houck.
De lêste hat op in brulloft west, dêr't se har mem wiidweidich oer fertelt. No soe se sels ek minlike graach in frijer hawwe wolle.
It einbeslút is, dat Ansck sjen sil oft Dirck gjin sin oan Houck hat. Houck wachtet yn spanning ôf en beslút mei de wurden: "Nu it sil my benye / Hettir [wat der] fen wirde wol [sil] / of ick him æck sil krye?"
Brouwer, J.H. en W. G. Hellinga, Ansck in Houck. Teksten út de Fryske skriftekennisse ûnder redaksje fan P. Sipma en G. Gosses. Magnus-rige 5. A.J. Osinga Boalsert 1935. Akademy-nûmer A 107. 43 siden. Priis € 3,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Mei syn fiif sintugen ferkent de minske de wrâld om him hinne en neamt dat aventoer Wittenskip.” Edwin Powell Hubble (1889-1953)