
Mei stilistyske stúdzje fan J.H. Brouwer
R.P. Sybesma syn Boerke Thae: in boek dat útblinkt yn beskriuwingskeunst
‘Boerke Thae’ fan R.P. Sybesma (1894-1975) waard yn ôfleveringen publisearre. Earst in part yn 1929 yn De Holder en yn 1931 en 1932 krige it noch in ferfolch yn Frisia. Mar winliken is it in torso bleaun.
It ferhaal hannelet oer it jonkje Thae dat opgroeit by âlde minsken, beppe en Janom, en is de beskriuwing fan in jongeslibben op ’e grins fan ’e puberteit.
Mei dizze útjefte is Boerke Thae foar it earst yn boekfoarm beskikber kommen.
Om’t de kręft fan Boerke Thae benammen leit yn hoe’t, net yn wat ferteld wurdt, yn Sybesma syn beskriuwingskeunst yn in ympresjonistyske, dichterlike styl, is de nijsgjirrige stilistyske stúdzje fan J.H. Brouwerder by opnommen, dy’t er yn 1952 publisearre űnder de titel Fryske styl. Ynlieding ta it genietsjen fan literaire moaijens oan ’e hân fan R.P. Sybesma syn Boerke Thae.
Sybesma, R.P., Boerke Thae, mei in stilistyske stúdzje fan J.H. Brouwer. Fryske Akademy, Ljouwert 1978. Holder-rige nűmer 3. Akademy-nűmer 553. ISBN: 90 6171 553 9. 152 siden.
Priis € 5,50 / foar leden en stipers € 4,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
William Shakespeare (1564-1616)