
Santjinde-ieuske Fryske sprekwurden ferklearre en yn har tiid besjoen
It proefskrift fan Van der Kuip giet oer de Burmania-sprekwurden.
Dêrmei wurdt in samling oantsjut fan hast 1200 Fryske sprekwurden en útdrukkingen út it begjin fan de 17de ieu.
Dy samling is oerlevere yn in hânskrift út 1614, taskreaun oan de studearre ealman Georgius fan Burmania, en yn in anonime druk ú t 1641, útjûn yn de universiteitsstêd Frjentsjer.
De Burmania-samling kin in produkt fan syn tiid neamd wurde, in manifestaasje fan de humanistyske leafde foar de eigen kultuer en taal en it leverjen fan it bewiis fan de rykdom dêrfan.
As men dêrby de uterst marzjinale posysje fan it skreaune Frysk om 1600 hinne foar eagen hâldt, dan kin de samling rêstich in unyk taalmonumint neamd wurde, in monumint dêr't it Frysk net sûnder bestudearre wurde koe en kin.
Sûnt it ferskinen fan de samling hawwe guon sprekwurden wol ûnderwerp fan stúdzje west, mar oant no ta is de tekst fan de samling yn syn gehiel nea ferklearre.
Sintraal yn Van der Kuip syn stúdzje stiet de betsjuttingsferklearring fan alle Burmania-sprekwurden op grûn fan taalkundige analyze en mei help fan benammen 16de- en 17de-ieusk boarnemateriaal.
Yn ynliedende haadstikken wurdt de samling beskreaun en yn in taal- en kultuerhistoarysk ramt set. Dêrnjonken steane in beskriuwing fan de ûnderstelde auteur en syn fermidden en in wiidweidige tekst- en ûndersyksskiednis.
Der is no ek in Register op de Burmania-sprekwurden
Van der Kuip, F.J. De Burmania-sprekwurden. Santjinde-ieuske Fryske sprekwurden ferklearre en yn har tiid besjoen. Fryske Akademy, Ljouwert 2003, Akademy-nûmer 950. ISBN 90 6171 950 X, 764 siden, ynbûn.
Priis € 40,00 foar leden en stipers € 37,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)