Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

De Fryske fersen fan Durk Lenige en oare Makkumers

Utjefte mei ynlieding en oantekeningen fan de Midfryske fersen fan de Makkumer keapman Dirk Lenige (1722-1798), lid fan it Makkumer dichtgenoatskip "Kunst kweekt het menschelijk geluk".

Der sit gâns gelegenheidswurk by, bygelyks fersen by berte, trouwen en ferstjerren, mar ek harderspoëzij, yn syn dagen tige yn 'e moade. As fromme menist skreau er ek godstsjinstige poëzij en sette er guon psalmfragminten oer. 

De net altyd like maklik te lęzen teksten binne fan gâns ferklearjende oantekeningen beselskippe.

Brouwer, J.H., De Fryske fersen fan Durk Lenige en oare Makkumers. Magnus-rige 8. Teksten út de Fryske skriftekennisse. A.J. Osinga, Boalsert 1959. Akademy-nűmer 161. 146 siden. Priis € 5,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“Fier haw ik myn dreamen weide en de himel iepen sjoen”

“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)