
Eelke Meinerts (Westergeast 1732 - Kollum 1810), earst skoalmaster, letter boer, hat gâns fersen skreaun, meast yn it Nederlânsk.
Yn dit boek binne syn acht Fryske fersen út it saneamde "Ingwierrumer hânskrift" útjûn, mei in ynlieding, net te min ferklearjende oantekeningen en in wurdlist (mei fynplakken).
It giet hjir kleardernôch om gelegenheidswurk, benammen lokwinsken oan lju fan de hegerein.
Hege poëzij is it net, mar troch Meinerts syn feardige pinne litte se har noch goed lêze.
Simonides, D. en Chr. Stapelkamp, De Fryske gedichten fan Eelke Meinerts út de jierren 1779-1783 neffens it Ingwierrumer hânskrift. Teksten út de Fryske skriftekennisse. Magnus-Rige 6. A.J. Osinga, Boalsert 1952. Akademy-nûmer 67. 133 siden. Priis € 3,00 / foar leden en stipers € 2,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Alle wittenskip is net mear as in ferfining fan it tinken fan al-den-dei.”
Albert Einstein (1879-1955)