
útferkocht
Mei in ynlieding en bibliografy fan de besoarger J. Knol
De besoarger iepenet dizze bondel mei bibliografyske en biografyske gegevens oer Teatse Eeltsje Holtrop (1865 - 1925), in koart oersjoch fan de resepsje en in ferantwurding by de werútjefte fan it wurk.
Dêrnei folget it meast bekende proazastik 'De wylde boerinne' dat foar it earst yn 1915 yn it tydskrift Swanneblommen ferskynde.
Dêrnei folgje in tal koartere proazastikken, fersen en oersettings.
Ta beslút hat de besoarger in bibliografy fan Frysk wurk fan Holtrop, in oersjoch fan stikken oer Holtrop en in brief fan Holtrop opnommen.
T.E. Holtrop, De wylde boerinne en oar wurk. Mei in ynlieding en bibliografy fan de besoarger J. Knol. A.J. Osinga B.V., Boalsert 1979. Holderrige nûmer 4. Akademy-nûmer 555F. ISBN: 90 6066 341 1.
200 siden. Priis € 8,50 / foar leden en stipers € 8,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
boter, roggebrood en groene kaas, wie dat niet zeggen kan is geen oprechte Fries