
útferkocht
Jan Jelles Hof is yn 'e Fryske dialektology in begryp troch syn "Friesche Dialectgeographie" út 1933. Yn 1976 krige Klaas van der Veen twa hânskriften mei dialektoantekens fan Hof yn hannen. In part fan dat materiaal wie noch net publisearre. Klaas van der Veen hat doe it nije materiaal hifke en dêr kaartsjes fan tekene.
Yn de 90-er jierren waard in kaartprogramma foar de kompjûter oantúgd op 'e Akademy. Om dêrmei kaartsjes meitsje te kinnen, binne alle gegevens earst digitaal opslein. Wytske Rypma hat dêr foar it grutste part mei ret. Arjen Versloot naam de technyske kant foar syn rekken.
Sa waard in boek gearstald mei hast 200 kaarten dy't it dialektyske ferskaat fan alderhanne wurden en klanken yn it Frysk sjen litte. Om't it âlder materiaal is, fine wy in histoarysk byld fan de dialekten, lykas in kaartsje fan jint en hotte, wurden dy't langer net algemien bekend mear wêze sille.
Ek binne der foarmen dy't tsjintwurdich net mear foarkomme lykas hynz(d)er foar hynder dat yn dy tiid noch troch guon minsken sein waard. Yn it boek wurdt fierders gjin analyze fan de kaarten jûn.
Van der Veen hat wol in hiel soad foarmen út omlizzende streektalen taheakke. Sa kin men sjen oft in bepaalde fariant oerienkomsten sjen lit mei oare streektalen yn Fryslân, Grinslân of Drinte.
As oer in wurd op in oar plak publisearre is, wurdt dêr safolle mooglik nei ferwiisd. Van der Veen hat de wize fan útjefte allegear kreas ferantwurde en ek útlein hoe't Hof wurke.
Oan 'e ein is in literatuerlist te finen dêr't ûnder oare ek alle dialektologyske bydragen fan Hof yn neamd wurde.
Veen, Klaas F. van der, Arjen Versloot en Wytske Rypma. Dialektgeografyske oantekens fan J.J. Hof. Fryske Akademy, Ljouwert 2001. Akademy-nûmer 906, Rige Fryske dialektstúdzjes 9.
ISBN 90 171 906 2, 239 siden. Priis € 18,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Our ancestral language despised, orphaned, neglected had almost been deposed, a relic of ancient history.” Gysbert Japicx (1603-1666)