Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Durk en Djoke wurde wier grutter

Wearden en noarmen yn oarspronklik Frysk proaza foar bern en jongerein

Yn dit proefskrift wurdt beskreaun hoe’t noarmen en wearden yn oarspronklik Frysk proaza foar bern stal krigen hawwe. Drent hat him by syn űndersyk beheind ta it fertellend proaza en dan benammen it boadskip fan de auteur yn dat proaza.

Ut in pedagogysk perspektyf wei hat er nei dat wurk sjoen, hoewol’t it literęr-formele aspekt by de analyze fan de hűndert boeken fan syn korpus likegoed nei foaren komt.

De wearden en noarmen fungearje binnen bepaalde groepen en netwurken, systemen fan persoanlike relaasjes dy’t in yndividu, ek yn in ferhaal, űnderhâldt.

Wearden binne dęrby de abstrakte foarstellings binnen in mienskip fan wat as goed beskôge wurdt, wylst noarmen de konkreet makke opfettings binne dy’t as mjitstęf foar it kiezen tsjinje.

Oan 'e oarder komme rollen en rolpatroanen, de beynfloeding dy’t minsken op elkoar hawwe en ôfwikend gedrach. Kultuer en maatskiplike feroarings hawwe har eigen ynfloed op de gong fan saken. Mei syn űndersyk wol de auteur opspoare hokker wearden en noarmen auteurs besykje oer te bringen en hokker feroarings har dęrby yn de rin fan ‘e tiid foardien hawwe.

Neist de sitewaasje yn hiel Nederlân is de maatskiplike werklikheid yn Fryslân fan belang by dy speurtocht. De ekonomyske struktuer en de feroarings dęryn binne aspekten dęr’t Drent him op konsintrearret.

Dat Fryslân lang in agrarysk lân wie mei in hechte bân fan syn ynwenners mei de natuer, komt ek yn de jeugdboeken nei foaren.

Dęrneist beskriuwe in soad auteurs oant fier yn de jierren fyftich har eigen jeugdoantinkens. In kombinaasje fan dy beide feiten soarget foar in idyllysk dekor.

Ambacht, yndustry en hannel wjerspegelje har yn de rin fan it besprutsen tiidrek ek yn de Fryske jeugdliteratuer. Dat hat syn gefolgen foar de netwurken dęr’t minsken yn ferkeare. Dy wurde iepener. Neist dy netwurken wurde primęre en sekundęre groepen oan ‘e hân fan de boeken út it korpus wiidweidich behannele.

Efteryn it boek stiet in gearfetting yn it Nederlânsk en yn it Ingelsk.

Drent, H., Durk en Djoke wurde wier grutter. Wearden en noarmen yn oarspronklik Frysk ferheljend proaza foar bern en jongerein. 
Fryske Akademy, Ljouwert 1994. Akademy-nűmer 787. ISBN: 90 6171 787 6. 340 siden. 
Priis € 17,00 / foar leden en stipers € 16,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“Fier haw ik myn dreamen weide en de himel iepen sjoen”

“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)