Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Frisian Reference Grammar

Sūnt in jiermannich wie Pieter Meijes Tiersma syn Frisian Reference Grammar (Dordrecht, 1985) net mear te besetten. Der wie dus net mear in handich neislachwurk dźr't it ynternasjonale publyk nei ferwiisd wurde koe, wannear't it om taalkundige ynformaasje oer it Frysk frege. En dat lźste komt gauris foar.

Meidat der op koarte termyn net in wiidweidiger Ingelsktalige spraakleare komt, hat de Fryske Akademy besletten om in werprintinge fan de Reference Grammar śt te jaan. Der is dan yn alle gefallen wer in Ingelsktalige grammatika fan it Frysk foarhannen. Sa hat de Akademy yn 1966 ek in ūnferoare, fotomeganyske werprintinge fan Piter Sipma syn Phonology & Grammar of Modern West Frisian (London, 1913) yn it ljocht jūn.

In ūnferoare, fotomeganyske werprintinge lei by de Reference Grammar lykwols net yn 'e reden. Yn it boek sitte spitigernōch gāns printflaters, wylst der ek lytse feitlike fersinnen yn sitte (aldergeloks hie prof.dr. A. Feitsma, dy't it boek op har kolleezjes taalkunde in soad brūkt hat, dźr in list fan oanlein).

Dźr komt noch by, dat der sūnt it śtkommen yn 1985 gāns oan 'e grammatikale bestudearring fan it Frysk dien is, dat ek op 'e iene of oare wize yn 'e werprintinge syn gerak hawwe moast. Yn oerlis mei Tiersma, dy't it hiele boek noch op skiif hie, is doe besletten om yn 'e werprintinge de flaters en fersinnen te ferbetterjen en de bibliografy śt te wreidzjen mei literatuer fan nei 1984.

Jarich Hoekstra hat dat op him nommen en de Fryske Akademy is der wis fan, dat mei dizze werprintinge yn in ferlet foarsjoen wurdt.

Tiersma, P.M. (2de print) Frisian Reference Grammar. Fryske Akademy, Ljouwert 1999. Akademy-nūmer 886. ISBN: 90 6171 886 4. 147 s. Priis € 13,50 / foar leden en stipers € 12,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“History is the witness that testifies to the passing of time; it illumines reality, vitalizes memory, provides guidance in daily life and brings us tidings of antiquity.”

“Skiednis is de tsjūge fan it ferstriken fan 'e tiid; it smyt ljocht op 'e wurklikheid, hāldt it ūnthāld libben, jout help yn it deistich libben en bringt śs tynge fan it ferline.” Cicero (106-43)