Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Frysktalige modellen foar de rjochtspraktyk

Frysktalige modellen foar de rjochtspraktyk

De Fryske Akademy leveret foar de rjochtspraktyk Frysktalige modellen dy't mei in wachtwurd fergees downloade wurde kinne. De teksten binne yn 'e regel oersettings fan Nederlânsktalige orizjinelen, mar hjir en dêr binne hja bewurke. Alle notarissen kinne de teksten frij brûke mei it wachtwurd dat hja by de Fryske Akademy oanfreegje kinne. De teksten binne mei de measte soarch ta stân kommen, mar de Fryske Akademy kin net oanspraaklik steld wurde foar gefolgen dy't efter ynhâldlike of tekstuele ûnkrektichheden wei komme. Wa't op- of oanmerkings by de modelteksten hat of it wachtwurd oanfreegje wol, wurdt útnoege om kontakt op te nimmen mei Pieter Duijff, de gearstaller fan de teksten. 

 

  • Skiednis
  • Ofkoartings en boarne-oantsjuttings
  • Beskikbere modellen
  • Subsidiïnten
  • Begeliedingskommisje

E-mail: Pieter Duijff

Skiednis
Op 1 febrewaris 2002 is de wet fan 22 novimber 2001 (Stb. 574) yngien, dy't regelet dat it karbrief fan in feriening of in stifting yn it Frysk opsteld wurde mei. Dêrfoar waarden sokke karbrieven ek wol yn it Frysk skreaun, mar der moast altyd in Nederlânsktalige oersetting by levere wurde foar de iepenbiere registers.

By de behanneling fan it wetsûntwerp yn 'e Twadde Keamer is troch ferskillende keamerleden nei foaren brocht, dat de mooglikheid ta it opstellen fan Frysktalige karbrieven yn in ferlet foarsjen sil. Yn de rjochtspraktyk wurde lykwols net allinnich karbrieven yn it Frysk opsteld, mar der is ek in beskieden tradysje mei testaminten en oare notariële akten. De opstellers fan akteteksten hawwe yn harren oplieding leard om de teksten yn it Nederlânsk te skriuwen, dat yn 'e praktyk kinne de tekstopstellers swierrichheden ûnderfine by it opstellen fan Fryske akteteksten. Om it harren wat makliker te meitsjen kaam notaris Wolter Nijenhuis yn 1979 mei it boekje Fryske modellen foar it notariaat. Meidat de wet- en regeljouwing no ien kear net stilstiet, binne syn modellen op it stuit net mear goed te brûken. Hjoed-de-dei wurdt boppedat oan modellen de eask steld dat hja digitaal beskikber binne.

Ofkoartings en boarne-oantsjuttings
By elk fan de modellen is de boarne fan de Nederlânsktalige orizjinele tekst opnommen; yn de measte gefallen giet it om KNB-modellen. Dêrby wurdt as dat mooglik is ek ferwiisd nei it ferzjenûmer fan dy tekst. It kin foarkomme dat de Fryske ferzje noch net de jongste ferzje is. De brûker moat dêrom de orizjinele tekst der altyd eefkes neist lizze.

AGW » AdemaGastWierda
KNB » Koninklijke Notariële Beroepsorganisatie
FA » Fryske Akademy 

Feriening

 

  • (oprjochting en) karbrief fan in feriening
  • (oprjochting en) karbrief fan in sportferiening

Stifting

 

  • (oprjochting en) karbrief fan in stifting

Levering en keap

 

  • Akte levering en festiging fan it rjocht fan it gebrûk en bewenning
  • Akte fan levering lidmaatskip
  • oare modellen yn bewurking

Hypoteek

 

  • hypoteekakte Rabobank
  • hypoteekakte Friesland Bank
  • partikuliere hypoteekakte

Houliksbetingsten

 

  • houliksbetingsten útsluting fan elke mienskip
  • houliksbetingsten mienskip fan ynboel, fierders útsluting fan elke mienskip
  • houliksbetingsten útsluting fan elke mienskip, ferrekkening fan ynkomsten
  • houliksbetingsten mienskip fan ynboel, fierders útsluting fan elke mienskip, ferrekkening fan ynkomsten
  • houliksbetingsten útsluting fan elke mienskip, ferrekkening fan ynkomsten, beheinde ferrekkening by skieding, folsleine ferrekkening by ferstjerren
  • houliksbetingsten mienskip fan goed, mooglikheid fan priveegoed fan man of frou
  • houliksbetingsten opheffing wetlike mienskip, houliksbetingsten yn it houlik
  • houliksbetingsten opheffing houliksbetingsten, ynfiering wetlike mienskip
  • houliksbetingsten finaal ferrekkenbetingst I, II en III en slotformule minderjierrigen
  • foarbyld fan in fersykskrift
  • houliksbetingsten steat fan oanbringsten

Gearlibbing

 

  • gearlibbingskontrakt

Erfrjocht

 

  • testamint wetlike ferdieling (man)
  • testamint fruchtgebrûk (man)
  • testamint oarehelten sûnder bern/Fidei-commis de residuo
  • bepaling oangeande eksekutele
  • fruchtgebrûk mei ferfrjemdings- en beswierringsfoech
  • fruchtgebrûkbewâld
  • foarbylden foar ferklearrings fan erfrjocht
  • depotakte

Hiemtsjinstberheden

 

  • Hiemtsjinstberheden

Kwalitative ferplichting

 

  • Kwalitative ferplichting

Pachtkontrakten

 

  • Algemiene Pachtbetingsten 2000 fan de KNB
  • Bysûnder koartduorjende pachtoerienkomst
  • Reguliere pachtoerienkomst
  • Tyltpacht

Feilingen en iepenbiere ynskriuwings

 

  • Proses-ferbaal ôfslach eksekúsjefeiling
  • Proses-ferbaal ynset eksekúsjefeiling
  • Proses-ferbaal iepenbiere ynskriuwing (yn bewurking)

Subsidiïnten

 

  • Ministearje fan Justysje
  • Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes
  • Provinsje Fryslân
  • Vereniging van Notarissen in het Arrondissement Leeuwarden

Begeliedingskommisje

By de kar fan de oer te setten modellen en by it fêststellen fan de definitive modelteksten wurdt de gearstaller stipe troch in begeliedingskommisje dy't bestiet út de juristen:

 

  • mr. A. Dijkstra, vice-presidint fan it Gerjochtshof Ljouwert (foarsitter);
  • mr. H.Ph. Breuker, notaris yn Drachten;
  • mr. L.A. Detmar, notaris yn Boalsert (lid oant 29 novimber 2002);
  • mr. drs. K.J. van Dijk, Gerjochtshof Ljouwert (lid oant 26 novimber 2004);
  • mr. E.M.W. de Lange, notaris yn Ljouwert;
  • mr. A.A. Lycklama à Nijeholt, earder Provinsje Fryslân;
  • mr. E.L. Veerman, notaris yn Bûtenpost (lid sûnt 17 jannewaris 2003).

Mooie woorden

"Te wêzen of net te wêzen, dat is de fraach"

William Shakespeare (1564-1616)