Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Grammatica Fries

Mei dizze Grammatica Fries komt der sûnt lang wer in Nederlânsktalige spraaklear fan it Frysk beskikber. De skriuwer behannelet yn seis haadstikken efterinoar: ynlieding ta it Frysk (û.o. Ald-, Mid- en Nijfrysk, Noard- East- en Westerlauwersk Frysk, posysje fan it Frysk), fonology (lûdlear en stavering), morfology (de wurdfoarming: gearstalling en ôflieding), de wurdsoarten en harren bûging, en de syntaksis fan wurdgroepen en sinnen. Fierder fine jo in literatuerlist en as taheakken û.o. in list fan ûnregelmjittige tiidwurden, in wurdregister en in saakregister.

Grammatica Fries is in moai wiidweidich learboek en neislachwurk foar elkenien dy’t Frysk leare wol (of better leare wol) of neisjen wol hoe’t it mei guon saken sit.

It boek is in mienskiplike útjefte fan Het Spectrum en de Fryske Akademy. Finansjele stipe is ferliend troch de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert, dêr’t de skriuwer (ek âld-Akademymeiwurker) jierrenlang haad fan ’e learare-oplieding Frysk west hat.

Popkema, J., Grammatica Fries. Het Spectrum, Utrecht / Fryske Akademy Ljouwert 2006, 377 siden. Akademynûmer 991; ISBN 90 274 3207 4. Priis € 24,50 / foar leden en stipers fan ’e Fryske Akademy € 23,00.

Ynformaasje: S. Tijsma

Mooie woorden

"As it net sile wol, moat men lavearje"

Als men niet kan zeilen moet men laveren