Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Gysbert Japicx Friessche Tjerne

Tekstútjefte mei ynlieding en oantekeningen fan it yn 1640 útjûne Midfryske brulloftsfers Friessche Tjerne fan Gysbert Japicx (1603-1666).

Húsman Tjerne is nei stêd ta tein om de lânhearre de hier te beteljen. Hy treft it, want lânhearre boasket. Tjerne wurdt útnoege om by de brulloft te wêzen. Hy lokwinsket breid en breugeman en fertelt dan wat er allegear sjoen hat. As fansels moat er dan tinke oan syn eigen boask mei Yntske. Dêr hat er in barsang op makke, dy't er (mei Yntske) tefoaren bringt. Mei de bêste winsken en tankwurden beslút Tjerne syn ferhaal.

Der komt in taheakke, in liet dêr't de jongelju yn oproppen wurde om by it boaskjen goed mei de âldelju oer te lizzen, want "Den so gean dijn Saken wol / Den sil d' Hijmmel uwr dijn dwaen / Sijn uwr-mijlde Zeyning jaen".

Sipma, P., Gysbert Japicx Friessche Tjerne. Teksten út de Fryske Skriftekennisse ûnder redaksje fen P. Sipma. Magnus-Rige nûmer 2. A.J. Osinga, Boalsert 1932. Akademy-nûmer A 117. 35 siden. 
Priis € 3,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

"Te wêzen of net te wêzen, dat is de fraach"

William Shakespeare (1564-1616)