
Faken is it sa, dat de muzikus, dreaun troch de skientme fan in dicht, by de tekst fan de dichter muzyk makket. It omkearde bart soms ek wolris, dus dat de dichter wurden makket op in al besteande meldij.
Yn de santjinde ieu, Gysbert Japicx libbe fan 1603 oant 1666, wie soks mear wizânsje as no. By in soad dichters út dy tiid fine wy by in diel fan harren wurk, dat it te sjongen is op de 'wize' of de 'stim' of de 'toan' fan it ien of oare sankje. Dochs sil it lang net altiten sa west hawwe dat de dichter syn fers op in meldij dichte. Wat Gysbert Japicx ek die, wie it opjaan fan ien, twa of trije wizen by syn dichten. Soks waard yn dy tiid algemien dien.
Sûnder mis binne syn dichten wol op dy meldijen songen wurden, miskien ienstimmich, of mearstimmich en mei begelieding fan ien of oar ynstumint út dy tiid, mar mei wissigens witte wy der winlik net folle fan.
Om ta in útjefte mei muzyk te kommen, moast besocht wurde fan alle opjûne meldijnammen de bedoelde wizen te finen en soks foel net ta.
Jansen, Jacob, Gysbert Japicx' Lieten. In stúdzje oer de fan de dichter bidoelde meldijen. Drukkerij Laverman N.V., Drachten 1956. Akademy-nûmer 106. 155 siden.
Priis € 6,00 / foar leden en stipers € 4,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Nearne is fêstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)