Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Gysbert Japix. Een keuze uit zijn werk

Yn 2003 wurdt betocht dat de Fryske dichter Gysbert Japix fjouwerhūndert jier ferlyn berne waard. It is net syn easte betinking. Syn rom dy't al ieuwen duorret tanket er foar in wichtich part oan it feit dat de taal dźr't er yn dichte en dy't ta sprektaal op it plattelān ferfallen wie, net allinne nochs hyltiten bestiet, mar sūnt syn tiid ek sūnder ūnderbrekking it symboal by śtstek fan de eigenheid fan it gewest west hat. Sa is de betsjutting fan Gysbert Japix nau ferbūn mei de skiednis fan Fryslān. Syn dichterskip betsjut sadwaande in soad foar it nasjonale selsgefoel fan 'e Friezen.

Der binne dan tuskentiids oare dichters en skriuwers kommen, dy't ek harren symboalwearde hawwe en dy't boppedat mear oansprekke, lykas de bruorren Halbertsma mei harren Rimen en Teltsjes, mar Gysberts glāns ferblikket dochs net. It geheim fan syn sśkses sit him dan ek foar in part yn it wat idealisearjende dat syn wurdearring sa bot karakterisearret.

Sūnder yntrinsike wearde bliuwt gjin ideaal bestean. Ut soarte helpt it dat er de earste dichter wie en bliuwt dy't him mei hiel syn hert oan it Frysk joech, mar synFriesche Rymlerye hat dochs ek in soad kwaliteiten op himsels. It bźste bewiis dźrfoar is de konstante wurdearring troch de tiden hinne foar in grut tal fan syn gedichten.

Fansels binne der teksten dźr't de wurdearring fan wikselt mei de feroarings yn de ideeėn oer keunst. Fan retoryk moatte wy sūnt de tweintichste ieu net in soad mear ha.

Joast Halbertsma koe yn de njoggentjinde ieu in gedicht op it hynsteriden fan Sibylle van Jongestal noch it masterstik fan 'e dichter neame, no fynt men it oer it generaal in produkt fan wansmaak. Miskien komt de wurdearring ek wolris wer werom.

Mar der binne ek teksten dy't troch de ieuwen hinne hyltiten mar wer priizge wurde. Sa is der syn debśt, it yn en yn geastige 'Friesche Tjerne', wźryn't in boer net sasear mar dronken wurdt lykas in boer dat yn de keunst fan dy tiid hearde te dwaan, mar mear roltrochbrekkend de show stiel troch foar salang't it gedicht duorret, de idylle fan freonskip sūnder ūnderskie fan rang of oansjen op te roppen.

Of, om noch in foarbyld te neamen, syn treflike śtbylding fan Frysk doarpslibben yn 'Nijsgjirrige Jolle en Haytse-yem'. 'Men verbeelde zich', sa begūn Wassenbergh yn 1802 bewūnderjend syn behanneling fan it gedicht, 'een Dorp, of Buurt, waar langs de Heeren- of Rijdweg loopt. Een Wagen komt oprijden uit de nabuurige Stad, rijkelijk gestoffeerd met zwierig gekleede Stedelingen.- Deze Vertooning trekt de aandacht van Jolle, een' jongen Boeren Zoon; die, daarop, de geheele Buurt bij naame in aller ijl te zamen roept, en daar onder ook eenen eerwaardigen en wijzen Grijsaart, bij den Dichter Haitze-oom geheeten'.

Krźft en hertstocht fan syn psalmberiming hawwe ek hyltiten bewūndering oproppen.

Sjoch ek by de CD: Gysbert Japix Lieten/Liederen fan Camera Trajectina

Gysbert Japix. Een keuze uit zijn werk. Toegelicht door Philippus Breuker (red.) en vertaald door Douwe A. Tamminga en Atze Bosch in het Nederlands en Klaas Bruinsma en Jan Popkema in het Fries. It Gysbert Japicxhūs Boalsert/Fryske Akademy Ljouwert 2003. 
Fryske Akademy-nūmer 952. ISBN: 90 804318 3 4. 264 siden. Priis € 27,50 / foar leden en (stipers) € 26,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“Fier haw ik myn dreamen weide en de himel iepen sjoen”

“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)