

Een dialectografisch en historisch onderzoek
Is de titel fan 'e stúdzje fan Jan Dirk Koldijk oer it Biltsk. Dizze stúdzje wie oarspronklik opset as dissertaasje, mar fanwege it betide ferstjerren fan Koldijk yn 1996 is de dissertaasje net ôfmakke.
It soe spitich węze, as it wurk yn net publisearre foarm lizzen bleaun wie. Dęrta befette it tefolle weardefolle eleminten oer it ferline en oer hjoed de dei fan 'e Biltske taal en syn spesifike problematyk.
Yn 'e foarm, dy't de bewurkers deroan jűn hawwe yn 'e ôfrűne jierren foarmet it boek in brűkbere grűnslach foar in beskriuwing fan it Biltsk.
Enklave yn Fryslân
It Bilt is in enklave yn Fryslân dęr't Biltsk praat wurdt ynstee fan Frysk. It gebiet is tusken 1500 en 1750 ynpoldere en kolonisearre troch 'Hollanners'. It is in nij agrarysk gebiet mei in nije agraryske befolking, mar in pear ieuwen nei de kolonisaasje is min út te meitsjen, hoe't wy ús dy nije befolking foarstelle moatte.
Wiene de Friezen út dy streek of de Hollânske ymmigranten yn 'e mearderheid? Dęr binne de gelearden it yn 'e rin fan 'e tiid net oer iens wurden. En fierder: wie de oarspronklike taal fan 'e bewenners Frysk dat troch it prestiizje fan 'e Hollânske ymmigranten doetiids ferfoarme is ('ekspânsje') of waard de Hollânske taal fan 'e ymmigranten troch de bewenners oernommen en sadwaande op It Bilt 'ymportearre'? En hoe hat dy taal him yn sa'n sitewaasje űntwikkele? Dy fragen binne ek yn dit boek net oplost.
Wol hat de auteur safolle mooglik taalkundich materiaal byinoar swile sadat dat de diskusje oer de problemen fierder helpe kin.
Net allinne Biltske sitewaasje
Foar it bestudearjen fan de Biltske sitewaasje hat de auteur him net allinne rjochte op 'e Biltske sitewaasje, mar ek sjoen nei de Stedsfryske dialekten en ek de Súd-Hollânske dialekten en it Súd-Afrikaansk derby behelle.
It Biltske lűdsysteem liket oer it generaal op dat fan de Hollânske dialekten. De opposysje koart-lang by de fokalen, sa't dat systematysk yn it Frysk foarkomt, fine wy mar inkeld werom yn it Biltsk. Ynstee dęrfan spilet yn it Biltsk, krekt as yn it Nederlânsk, de tsjinstelling spand-net spand in wichtige rol. De űntjouwing fan 'e Biltske lűden rint ek parallel mei de Hollânske dialekten, mar komt dochs gauris oerien mei it Frysk.
De Biltske fokaalwikselings by de sterke tiidwurden komme wer mear oerien mei it Nederlânsk/Hollânsk as mei it Frysk. Hiel dúdlik is de oerienkomst fan it Biltsk mei it Súd-Hollânsk op it męd fan 'e útgongen fan 'e ferlytsingswurden.In oerienkomst tusken Biltsk en Frysk is dat de meartallen fan 'e haadwurden oer it generaal gjin rekking fan fokaal hawwe. Fierder docht bliken dat de agraryske wurden faak oerienkomme mei it Frysk en de net-agraryske wurden mear de Hollânske kant útwize.
De syntaksis fan it Bilts hat ferskillende folkstaaleleminten mienskiplik mei oare talen en dialekten, mar der is dochs in oerwicht fan Fryske skaaimerken.
Net oplost
Yn syn boek komt Koldijk ta de konklúzje dat de striid tusken Kloeke en Wobbe de Vries oer de fraach, oft it op It Bilt giet om Hollânske ekspânsje of om ymport perfoarst net oplost is en it soe in saak fan belang węze om fierder yn te gean op 'e posysje fan de mingdialekten yn Fryslân.
Koldijk, J.D.†, Het Bildts, zijn wezen, herkomst en problematiek. Een dialectgeografisch en historisch onderzoek. (Bewurke troch: Tony Feitsma, Sytse Buwalda en Cor van Bree), Fryske Akademy Ljouwert 2005. Akademy-nűmer 975. ISBN 90 6171 975 5.
Priis € 20,00 / foar leden en stipers € 18,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
Biltske ferzje
Een dialectografisch en historisch onderzoek
Is de titel fan de study fan Jan Dirk Koldijk over 't Bildts. Deuze study waar oorspronklik opset as dissertasy, maar deur 't froege ferstorven fan Koldyk in 1996 is de dissertasy niet ôfmaakt.
't Sou spitig weze, at 't werk in niet publiseerde form lęgen bleven waar. Dertoe befatte 't tefeul waardefolle eleminten over 't ferleden en 't heden fan de Bildtse taal en syn spesifike problematyk. In de form, die't de bewerkers d'ran geven hewwe in de ôflopen jaren formt 't boek 'n brúkbere grondslag foor 'n beskriving fan 't Bildts.
Enklave in Frysland
't Bildt is 'n enklave in Frysland der't Bildts praat wort in plak fan Frys.
't Gebied is tussen 1500 en 1750 inpolderd en koloaniseerd deur 'Hollanders'. 't Is 'n nij agrarys gebied met 'n nije agrarise befolking, maar 'n paar eeuwen na de koloanisasy is min út te maken, hoe't wij ôns die nije befolking foorstelle motte.
Waren de Friezen út die streek of de Hollânse immigranten in de meerderhyd? Der binne de geleerden 't in de loop fan de tiid niet over eens worren. En feerder: waar de oorspronkelike taal fan de beweuners Frys dat deur 't prestiizje fan de Hollânse immigranten destiids ferformd is ('ekspânsy') of worde de Hollânse taal fan de immigranten deur de beweuners overnommen en soadoende op 't Bildt 'importeerd'? En hoe het die taal him in soa'n sitewasy ontwikkeld? Ok die fragen binne in dut boek niet oplost.Wel het de auteur soafeul mogelik taalkundig materiaal bijnander sweeld dat de diskussy over de problemen feerder helpe kin.
Niet allenig Bildtse sitewasy
Foor 't bestuderen fan de Bildtse sitewasy het de auteur him niet allenig richt op de Bildtse sitewasy, maar ok sien na de Stadfrise dialekten en ok de Súd-Hollanse dialekten en 't Súd-Afrikaans d'rbij betrokken.
't Bildtse klanksysteem likent over 't algemeen op dat fan de Hollânse dialekten. De oppesisy kort-lang bij de fokalen , soa't dat systematys in 't Frys foorkomt, fine wij maar inkeld werom in 't Bildts. In 't plak derfan speult in 't Bildts, krekt as in 't Nederlâns, de teugenstelling spand-niet spand 'n belangrike rôl. De ontwikkeling fan de Bildtse klanken loopt ok parallel met de Hollânse dialekten, maar komt dochs gau 's overeen met 't Frys.
De Bildtse fokaalwisselings bij de sterke werkwoorden komme weer meer overeen met 't Nederlâns/Hollâns as met 't Frys. Heel dúdlik is de overeenkomst fan 't Bildts met 't Súd-Hollâns op 't gebied fan de útgangen fan de ferklainwoorden. 'n Overeenkomst tussen Bildts en Frys is dat de meerfouden fan de selsstandige naamwoorden over 't algemeen gyn rekking fan fokaal hewwe. Feerder daan bliken dat de agrarise woorden faak overeenkomme met 't Frys en de niet agrarise woorden meer de Hollânse kant útwize.
De sintaksis fan 't Bilts het ferskillende folkstaaleleminten gemeen met ândere talen en dialekten, maar d'r is dochs 'n overwicht fan Frise kinmerken.
Niet oplost
In syn boek komt Koldijk tot de konklúzzy dat de striid tussen Kloeke en Wobbe de Vries over de fraag, at 't op 't Bildt gaat om Hollânse ekspânsy of om import beslist niet oplost is en 't sou 'n ding fan belang weze om feerder in te gaan op de pesisy fan de mingdialekten in Frysland.
Koldijk, J., Het Bildts, zijn wezen, herkomst en problematiek. Een dialectgeografisch en historisch onderzoek. (Bewurke troch: Tony Feitsma, Sytse Buwalda en Cor van Bree), Fryske Akademy Ljouwert 2005. Akademy-nűmer 975. ISBN 90 6171 975 5.
Priis € 20,00 / foar leden en stipers € 18,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Our ancestral language despised, orphaned, neglected had almost been deposed, a relic of ancient history.” Gysbert Japicx (1603-1666)