
It falt op dat in soad Ljouwerters in typyske r hawwe, se sprekke de r efter yn 'e kiel út, mei oare wurden se brijkje. Yn it omlizzende Frysktalige gebiet komt dy r hast net foar. Yn it Frysk wurdt it brijkjen sels wol as in spraakgebrek sjoen. Hoefolle sprekkers fan it Ljouwertersk brijkje no eins. Hoe lang komt er al yn it Ljouwertersk foar? Wêr komt er wei? Hat er yndie in Frânske oarsprong? Binne der ek oare stêden dêr't se brijkje. En kin de oanwêzichheid dêr op deselde wize ferklearre wurde?
In oar typysk skaaimerk fan it Ljouwertersk is dat de r net útsprutsen wurdt, dat de r meastentiids stom is. It Frysk hat dat ferskynsel ek. Sit der struktuer yn dat weilitten fan 'e r? En as dat sa is, is de systematyk dan itselde yn it Ljouwerters en it Frysk of binne der ferskillen? Is it ferskynsel unyk of komt it ek yn oare streken fan Nederlân of Flaanderen foar? Hoe âld is it ferskynsel eins? Falt de r hielendal wei of binne der noch spoaren te hearren yn de lûden deromhinne?
Op al dat soarte fan fragen wurdt yn dit boek in antwurd socht. Troch in yntinsive syktocht no en yn it ferline wurdt besocht it riedsel fan de Ljouwerter ratteler útinoar te raffeljen. Dêrby wurdt gebrûk makke fan útienrinnende boarnen fan ynformaasje, lykas radio-opnamen, strukturearre ynterviews, histoaryske dokuminten, autobiografyen en teoretyske prinsipes. It boek jout in boeiend relaas fan 'e feroarlikens fan 'e meast ritige fan alle spraakklanken, de kameleontyske r.
Renée van Bezooijen is universitêr haaddosint oan 'e Radboud Universiteit yn Nimwegen en gastûndersiker by de Fryske Akademy. Se docht ûndersyk nei taalfariaasje en taalferoaring yn Nederlân en Flaanderen. Se hat ûnder oaren publisearre oer de fersteanberens fan dialekten en it Frysk troch rânestêdelingen, de útspraakskaaimerken fan it Standertnederlânsk, de werkenberens fan emoasjes en de takenning fan persoanlikheidsskaaimerken op grûn fan spraak.
Bezooijen, Renée van, Het raadsel van de ratelaar. Rondom de r in het Leewarders en het Fries. Fryske Akademy, Ljouwert 2006. FA-nûmer 1005. ISBN-10: 90 6171 005 7, ISBN-13: 978 90 6171 005 9. 240 siden. Priis € 32,50 / foar leden en stipers € 30,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Our ancestral language despised, orphaned, neglected had almost been deposed, a relic of ancient history.” Gysbert Japicx (1603-1666)