Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Hwant wij binne it nijs ûnder en boppe de sinne

Hoe 'fernijend' wiene De smearlappen fan Anne Wadman en Fabryk fan Trinus Riemersma?

Wa hat noch nea fan De smearlappen fan Anne Wadman en Fabryk fan Trinus Riemersma heard?

Ek no binne beide romans noch populêr by de lêzers. Se steane heech op de literatuerlisten fan de AFUK-kursisten en wurde gauris werprinte.

Sels bûten Fryslân binne se bekend. De smearlappen en Fabryk hearre ta de Fryske kanon, ús modern klassyk erf.

De stúdzje fan Babs Gezelle Meerburg, dy't yn 1997 ferskynde by de Fryske Akademy, smyt in ljocht op de literêre fernijing yn 'e earste helte fan 'e jierren '60.

De skriuwers Anne Wadman en Trinus Riemersma wurde beskôge as de wichtichste Fryske proazafernijers fan de jierren '60

Harren romans De smearlappen (1963) en Fabryk (1964) waarden doedestiids en wurde ek no noch sjoen as tige 'fernijend' en yn de literêre kritiken gauris yn ien azem neamd.

De romans soene in wichtige oantrún ta literêre fernijing yn Fryslân jûn hawwe.

De romte dy't ûnder oare troch it ferskinen fan De smearlappen en Fabryk yn de Fryske literatuer kreëarre wie, koe yn de twadde helte fan de jierren '60 plak biede oan oare eksperimintele skriuwers, lykas Reinder van der Leest en Josse de Haan.

Yn har stúdzje besiket Babs Gezelle Meerburg om beide romans en de resepsje dêrfan te pleatsen yn de diskusje oer literêre fernijing dy't ein jierren '50 en begjin jierren '60 yn Fryslân fierd waard.

Gezelle Meerburg, B.A. (1997) 'Hwant wij binne it nijs ûnder en boppe de sinne'. De Smearlappen fan Anne Wadman en Fabryk fan Trinus Riemersma as 'fernijende' romans.ISBN 90 6171 843 0. Akademynûmer 843. Priis € 16,00 / foar leden en stipers € 13,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

"As 't net kin sa't it moat, dan moat it mar sa't it kin"

Als het niet kan zoals het moet, dan moet het maar zoals het kan