Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

In skiednis fan de Fryske taalkunde

Under redaksje fan Anne Dykstra en Rolf H. Bremmer Jr

Yn In skiednis fan 'e Fryske taalkunde

Underwerpen dy't oan 'e oarder komme, binne: de bestudearring fan it âldste Frysk (ynklusyf de runen), edysjetechniken, de skiednis fan 'e Ald-, Mid- en Nijfryske leksikografy, de skiednis fan 'e Mid- en Nijfryske taalkunde, de skiednis fan 'e Fryske stavering, de skiednis fan 'e Fryske nammekunde en dy fan 'e Fryske dialektology. Boppedat wurdt noch de skiednis fan 'e Eastfryske en 'e Noardfryske taalkunde út 'e doeken dien.

Historiografy fan 'e taalkunde is al in skoft wakker yn 'e belangstelling. Yn Nederlân is okkerjiers noch in mânske skiednis fan 'e Nederlânske taalkunde ferskynd. En no is der dus ek in skiednis fan 'e Fryske taalkunde. De frisistyk is beskieden fan omfang en it tal wurkers is net sa grut, lykwols wurdt út 'e ûnderskate bydragen dúdlik dat der op allerhanne mêden gâns út 'e wei set is. Dat jildt ek foar de Eastfryske en de Noardfryske taalkunde.

Berops- en oare frisisten hawwe mei dit boek in goed oersjoch yn hannen fan wat earder troch oaren al op in beskaat mêd of oangeande in spesifyk ûnderwerp dien is. Begjinnende frisisten of lju fan bûten de frisistyk kinne mei dit boek op in handige manier yn 'e kunde komme mei de stúdzje fan it Frysk. De wiidweidige literatuerlisten by elk haadstik sille dêr grif by helpe.

In skiednis fan 'e Fryske taalkunde, ûnder redaksje fan Dykstra, Anne en Rolf H. Bremmer Jr. Akademy-nûmer 890; ISBN-nûmer 90 6171 890 2, 372 siden. 
Priis  20,50 / foar leden en stipers € 19,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“Language shapes the way we think, and determines what we can think about.”

“Taal jout foarm oan hoe't wy tinke, en bepaalt wêr't wy oan tinke kinne.”
Benjamin Lee Whorf (1897-1941)